De folksdûnsgroep 'Tusken Mar en Leijen' fan Eastermar hie op 2 febr. 2013 har 25-jierrich jubileum en ek 25 jier lang û.l.f. Antina Hogerhuis fan Burgum. Op tiisdei, 7 maaie l.l. is dit heuchlike barren op ienfâldige wize betocht.
De groep is destiids oprjochte troch: Anna Kooistra - Jeltje Kooistra en Teun en Tjitske Zuiderveld. Yn datselde jier binne der al ridlik gau 30 leden, mei in hichtepunt fan 34 yn 1996. It wurdt in hiel gesellige middei yn ’t Hoekje, earst trije kertier meielkoar dûnsje en dêrnei skoft mei in stikje oranjekoeke.
Der wurdt fansels hiel wat ôfpraat, want ek de âld-leden ha in útnoeging krige en sa ek de partners/freonen fan de leden. Fansels kin in moaie groepsfoto as oantinken oan dizze middei net ûntbrekke.
As lêste part fan ’e middei in goed fersoarge kofjemiel yn 'De Pleats' yn Burgum. Nei it miel nimme fjouwer leden mei pine yn it hert ôfskie, mar hja sille dy moaie tiid dy’t hja sa yntins belibbe ha, net sa gau wer ferjitte.
Mei betankjes en blommen wurdt dizze gesellige middei ôfsluten en sa kin de folksdûnsgroep tankber weromsjen op in tige slagge 25-jierrich jubileum.

T.Z-P
IMG 1437IMG 1443

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe