Yn de moannen juny, july en augustus koenen de gasten fan ús doarp - en ek de doarpsgenoaten fansels – wer mei fragen op toeristysk mêd terjochte yn ‘e TipToko. Dat koe alle middeis tusken 14.00 en 17.00 oere, dit jier ek op snein. De Tippers, 14 frijwilligers dy’t de Toko bemannen, sieten dêr net om 'e nocht!
Kamen der yn 2019 dik 800 fraachstellers, rûtefregers, ynformaasjesikers en praatsjemakkers del, dat tal waard dit jier maklik op 'e nij helle. Der kamen krapoan 300 besiters mear om wat oer Eastermar en omkriten te witten te kommen: 1088 gasten koenen it havengebou op de Komerk fine om ynformaasje, rûtes, folders en goede rie.
Fansels wienen ek hjir de koroanamaatregels fan krêft. Dochs hat dat gjin neidielich gefolch hân foar it tal besites. Miskien ha dy regels sels wol holpen, want der kamen in soad toeristen út ús eigen lân. De Tippers koenen bgl. gasten út Daarle (by Hellendoorn), Goes, Alphen a/d Rijn, Deventer, Maastricht ferwolkomje, mar ek wienen der toeristen út België en Dútslân. Guon kamen wol meardere kearen yn 'e Toke del omdat it har tige foldie wat de tsjinstdwaande Tipper foar har betsjutte koe. Wer oaren sochten mei ynteresse boeken yn ferskillende genres yn ‘e oanwêzige ‘swalkbyb’. Sa wie der yn augustus in echtpear op syk nei gaadlik lêsfoer, de frou woe graach in ‘horrorboek’ en de man socht om in Suske en Wiske-album. Hja sille ûnderinoar net ruile ha...
De Tippers waarden geregeld konfrontearre mei de parkearproblematyk op de Komerk. Net dat de Tippers dêr wat oan feroarje koenen, dat leit op it buordsje fan de gemeente. Der waard ek nochal ris frege nei de achtergrûn fan de lisjildwiziging: grut of lyts, foar alle boaten wie de priis gelyklutsen nei € 15,-. Fral lytseboatsje-eigners, dy't bytiden ek noch ekstra foar in tinte foar de bern betelje moatte, fielden dat as ûnearlik. Mar dêr giet de TIP ek net oer, dat is in beslút fan it Komerkbestjoer.
Hawar, alles meimekoar kinne wy sprekke fan in tige slagge TipToko-seizoen, dat iepene waard mei it oanbieden fan in doarpsflagge troch de Feriening foar Doarpsbelang en ôfsletten mei in noflike neisit op it Meerzigtterras.
Ut namme fan ‘e Tippers,
Wijbe Postma
-
- Informatie
- 14 maart 2025
De brêgewipper komt werom yn Eastermar
Ynienen stiet der in blau hokje by de Litsbrêge. It hokje is bedoeld as ûnderkommen foar de brêgewip... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 maart 2025
Uitnodiging TIP-wandeling
Het bestuur van TIP Eastermar Promoasje heeft in de februari-editie van de dorpskrant ‘Marnijs’ aang... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 maart 2025
EA-Bloeiweek 2025
Let op, eerder is foutief 12 februari als datum van de brainstormsessie genoemd. Dit moet zijn dinsd... Fierder lêze » -
- Informatie
- 07 maart 2025
Skûtsje Ea hast wer klear foar de sylwedstriden
Nei fiif wiken reparaasje en fervjen is it skûtsje op 1 maart wer te wetter litten.No noch it houtwu... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 09 juni 2021
TipTokofrijwilligers wer paraat
Sûnt 1 juny is de TipToko ek yn 2021 wer beminske om de toeristen én de doarpsgenoaten te helpen by... Fierder lêze »