Saterdei 1 juny binne frijwillige Tippers (in wurkgroep ûnder de wjukken fan TIP-Eastermar Promoasje) yn it Komerkgebou mei har aktiviteiten begûn: it wolkom hiten en weiwiis meitsjen fan Eastermarder gasten. Boatsjeminsken, fytsers, kuierders, passanten, sis mar elkenien kin dan middeis fan 14.00 – 17.00 oere yn de TipToko oan 'e weet komme wat der yn en om Eastermar hinne allegear te rêden is.

Der is in kast mei ynformaasje oer gea, kuier- en fytsrûtes, musea yn de omkriten, de lêzers kinne der in boek weihelje of ruilje en wa't it boek noch net út hat nimt it mar mei as 'swalkboek'.

De Tippers wolle eins nóch mear biede: wy wolle graach ferwize kinne nei Eastermarders dy't wat bysûnders by d'ein ha en dat wol sjen/ûnderfine litte wolle ûnder it motto: Leen een Eastermarder. (Yn neifolging fan de provinsjale aksje Leen een Fries.)

De Tippers wolle graach in kaartesysteem opsette dêr't de gast in kar meitsje kin út ferskate aktiviteiten. Wy tinke dan oan bygl. hoe't kij molken wurde; it besjen fan in spesjale samling of hobby; in healoerke basis-Frysk; in doarpskuier; in ferhaal by en oer it Eastermarder skûtsje, neat is te gek.

Om dit allegear mooglik te meitsjen soenen wy fansels wol nammen ha moatte fan Eastermarders dy't dat mei mooglik meitsje wolle. Hoe?

Surf nei https://tip-eastermar.nl/activiteit en folje it formulier yn. It soe geweldich wêze as wy ús gasten in grut ferskaat oan bysûndere saken foarlizze koenen.

Tink der ris oer nei (mar net te lang fansels).

De Tippers fan de TipToko
Mei tank oan de St. Komerk foar it ûnderdak.

TipToko

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe