IMG 20260711 WA0002

De ôfrûne junymoanne hat in ploech frijwilligers ûnder de saakkundige en entûsjaste lieding fan Evert Frankes in topprestaasje levere: it plantsjen fan 3225 planten yn en oan de sleat om de Blauhûsbosk hinne. De leveransier fan dizze planten sei tsjin Evert dat hy safolle planten allinnich mar levere oan grutte túnsintra en wie ferstuivere dat it hjir om in frijwilligersprojekt gie... Yn in part fan de kosten hat de Wiersma Reitsmastichting in bydrage levere.

De betreffende sleat is groeven as wetterberging en begrinzing fan it fruithôf Blauhûsbosk achter it bedriuwsperseel fan boubedriuw Swart. It hôf tsjinnet ek as ‘griene buffer’ tusken it bedriuweterrein en de doarpsútwreiding Blauhûskamp. Mei it healwei desimber '25 plantsjen op dy ‘buffer’ fan sa’n 50 apel-/parre-/ en prommebeammen en 5000 blombollen wie der op meanfjildhichte al in moaie ynfolling fan de ‘buffer’ fûn. It bioferskaat waard noch fergrutte troch de râne fan it perseel fan streekeigen blomsied te foarsjen. Yn al dizze aksjes kaam de saakkundigens fan Evert Frankes goed fan pas.

Mar Evert wie ek fan miening, dat de sleat sels en de sleatswâlen mear bioferskaat fertsjinnen. Sadwaande bestelde it Rom Paad Stichtingsbestjoer wetter- en wâlplanten. It gie om fjouwer skiften: earstens 4 soarten planten dy’t sa’n 80 oant 125 sentimeter ûnderwetter groeie en it soerstofgehalte fan it wetter ferheegje (1000 stiks); twads: 9 soarten planten dy’t yn 15 sm. djip wetter thúshearre (875 stiks) en as tredde: 11 soarten planten dy’t op de wâlskant groeie (1100 stiks); en dan is der noch ien soart en dy driuwt op it wetter (250 stiks). By de earste skift heart bgl de wetterbûterblom (waterranonkel) en wetterpinksterblom (waterviolier), by de twadde kin neamd wurde de ielstikel (krabbescheer) en snoekeblêd (pijlkruid), by de tredde groep sitte û.o. dûkel (egelskop) en njirrewoartel (adderwortel); de driuwplant is it bearzeblêd (watergentiaan) en dy is ek bekend by boatsjeminsken dy’t der oan ‘e Tikekant fan ‘e Leien mei harren skroef yn fêst komme te sitten…

It hat in heikerwei west om dit projekt – want sa meie wy dizze planterij wol oantsjutte – út te fieren. Evert syn dûkûnderfining en -útrissing kaam goed fan pas en ek syn ark, û o. de keutelstôk, hat fertuten dien. Fierder koenen de frijwilligers it wurk goed dwaan, omdat Tjip de Vries syn skou beskikber stelde foar dit wurk. En dat alles om ek yn de sleat it bioferskaat te fergrutsjen.

By it wurkjen lieten kikkerts har útbundich hearre, kamen salamanders sa no en dan boppe, swommen dikkoppen mei de skou op, dielden wetterkrobben en oare ynsekten mei yn it entûsjasme. Der binne troch Evert ek al stikelbearskes yn ‘e sleat loslitten, mar it wachtsjen is noch op de mûdhûn...

Wijbe Postma (sekr. St. Rom Paad)

IMG 20260530 WA0003

IMG 20260605 WA0002

IMG 20260701 WA0002