logo stifting

Foar de simmerfakânsje ha de skoalferlitters fan ‘De Twirre’ har opjaan kinnen om mei te dwaan oan it jeugdsilen. Dêr is entûsjast op reageard en dus giet dat oan! Dat bart op freed 9 septimber yn ‘e neimiddei. Hja krije útlis fan skipper Geale Tadema oer skiednis en gebrûk fan skûtsjes yn earder tiden en no. It dragen fan in swimfest is ferplichte mar dêr soarget de organisaasje foar. Der wurdt ek fan de meisilers ferwachte dat sy bemanningswurk dogge mei help fan in echt bemanningslid. 

De syltocht oer de Burgumer Mar sil rom oardeloere duorje. Oer de starttiid krije de bern berjocht. 

Yn de foarjûn fan dyselde freed is der – lykas oare jierren – ek foar donateurs fan de Stifting It Eastermarder Skûtsje gelegenheid om mei te silen op de Mar. Hja krije fan it stiftingsbestjoer berjocht hoe’t men him opjaan kin en hoe let der krekt begûn wurdt. Wichtich is dat it waar yn ‘e gaten hâlden wurdt yn ferbân mei de klean dy’t oan moatte.

Ut namme fan SIES,
Wijbe Postma

Ek nijsgjirrich: