“Komt it skûtsje noch yn ’t ljocht?”, waard my troch in doarpsgenoat frege. Plak en tiid wienen der net nei om djip yn te gean op dy fraach. Dus dan mar fia de doarpshiemside:
der ha har wat tûkelteammen foardien yn de oanrin nei it ljochtsjebarren. Alderearst ha wy te krijen hân mei it winterklear-meitsjen fan ’t skip, koartwei ‘de mêstwiksel’ neamd. Dat barde yn foargeande jierren meast ein oktober op ien saterdei, mar troch it net beskikber hawwen fan it nedige materiaal duorre dat meardere wykeinen oant djip yn novimber. Doe die bliken dat de touwen (yn skûtsjetaal ‘de fallen’) oekedakke wienen en dy binne noadich om de winterferljochting goed te plak te krijen. Doe’t dy wer boppe wetter wienen, sieten wy al yn desimber. '
Mar no hingje de lampkes en it seilteken Ea te plak op ’t skûtsje by de Litsbrêge. Dat is ôfrûne saterdeitemoarn slagge, mei help fan ús ljochtmaster Oebele Brouwer, stiftingsbestjoersleden en frijwilliger Titus Ahrens fan ’t Wâltsje. Omdat ek de enerzjykrisis net oan ‘e 'Stifting It Eastermarder Skûtsje' foarbygiet, is der besletten om de winterferljochting koarter brâne te litten. Net allinnich yn wiken, mar ek yn de tiden fan de dei. It beslút dêroer pakt sa út: de ljochtsjes brâne fan middeis 17.00 oant jûns 22.30 oere en moarns mar ien oere, fan 07.30 oant 8.30 oere. Healwei jannewaris ’23 wurdt de ferljochting wer troch ús ferwidere.
Der is lykwols op enerzjymêd ek in plus te melden, want troch de ynset fan Douwe Hoeksma fan DRS kinne wy no beskikke oer tige sunige LED-pitten fan 1 Watt. De ‘âlde’ pitten brûkten sa’n 20 Watt, dus dat skeelt in slok op ’n buorrel.
Ut namme fan it SIES-bestjoer,
Wijbe Postma
-
- Informatie
- 17 maart 2023
Nieuwe sponsors Eastermarder skûtsje
Stifting 'it Eastermarder Skûtsje' is erg blij met de komst van een aantal nieuwe sponsors! Age Terp... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 maart 2023
Verslag van de Ea skûtsjejûn in Eetcafé 't Breed
Vrijdag 10 maart was de Ea skûtsjejûn in Eetcafé 't Breed. Ondanks de hevige sneeuwval was er een goe... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 maart 2023
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 25 november 2022
Skûtsjewijnactie 2022
Wij zijn erg blij dat onze dorpssuper ook dit jaar weer zijn medewerking wil verlenen aan onze wijna... Fierder lêze » -
- Informatie
- 13 september 2022
Ea-skûtsje fart mei jeugd en donateurs
De 14 bern dy’t freedtemiddei 9 septimber ll. by de brêge-ein oan board stapten, wienen wakker nijsg... Fierder lêze » -
- Informatie
- 22 augustus 2022
IFKS 2022: Neipetear
Om healwei fiven sneintemiddei lei it doarpsskûtsje oan op ‘e brêge-ein: de thúshaven. In part fan de... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 17 maart 2023
Nieuwe sponsors Eastermarder skûtsje
Stifting 'it Eastermarder Skûtsje' is erg blij met de komst van een aantal nieuwe sponsors! Age Terp... Fierder lêze »