It ôfrûne wykein hat in tal IFKS-skûtsjes oefenwedstriden hâlden op de Sleattemer Mar en De Fluezen. Neist in tsiental oare wedstriidskippen út de grutte A-klasse, die ‘it doarp Eastermar’ ek mei. Der kin steld wurde dat dit prima gien is, want in 4-de plak waard noteard as minste resultaat. En fjouwer kear kaam ús doarpsskûtsje as earste oer de einstreek!

Mei help fan in drone binne der moaie opnamen makke en dy binne hjirûnder of fia YouTube te besjen.
Om de fjirde minút hinne komt de Ea hiel moai yn byld.

 Ea drone

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: