It gie hjoed goed mei 'it Doarp Eastermar', de resultaten wiene geweldich. Nei de domper fan juster wie de Ea der wer gewoan by en einige op 'e Hegemer Mar as fjirde. Nei trije dagen wedstriidsilen kin men sizze dat it skûtjse hiel goed meidwaan kin yn de top fan it klassemint. 

ABA 7086

It wie in spannende wedstriid. De Ea kaam aardich goed út de start en lei by de boppeste tonne op in tredde plak achter de 'Ut en Thús' en 'de Jonge Jan'. By de twadde rûte sylde Henk Regts justjes te lang troch by ien fan syn slaggen en dêr koene de Ea en de 'Jonge Jan' fan profitearje. Sadwaande leine wy twadde, wat in moaie sportive revâns wie op Henk Regts.
Mar spitich genôch koe dat twadde plak net lang konsolidearre wurde. De 'Ut en Thús' koe dochs wer in plak werom pakke en even letter kaam Tony Brundel opstomen. Brundel wie as 7e start, mar pakte by alle rûtes wer ien of twa plakjes. De wyn flauwe wilens wat ôf, net geunstich foar Eastermar. Yn ien fan de lêste rûtes koe de Ea de 'Lytse Lies' fan Brundel net langer achter him hâlde. Brundel koe even letter ek noch Henk Regts foarby komme en kaam as twadde nei Jelle Talsma oer de streek.

In fjirde plakje, krekt net op it poadium, mar wol goed foar it moreel oan board. Op nei de Sleattemer Mar!

klassemint

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: