It liket noch in hiel ein fuort mar oan de oare kant, de earste passanten lizze al wer yn de haven fan de Komerk. Koart sein: it wettersportseizoen is wer úteinset. Dus hjir alfêst in earste ôflevering fan it Eastermarder Skûtsjesjoernaal!

13 Juny, de dei fan it IFKS-skûtsjesilen op de Burgumer Mar, liket in hiel aardige dei te wurden mei tal fan aktiviteiten om it skûtsjesilen hinne. Ek de jûn der foar, dy fan 12 juny, alfêst mar frijhâlde yn de aginda, want dan sil der ek al fan alles barre. Letter yn de tiid sil op dizze side alles te lêzen wêze oer dit skûtsjespektakel.

Op de dei sels sille der twa wedstriden plakfine en tusken de middei lizze de skûtsjes oan op it eilantsje oan 'e kop fan de Komerk dêr't de ferskate bemanningsleden in lunch oanbean krije. Der komme likernôch 20 skûtsjes yn twa klassen oan de start. Wa 't it nijsgjirrich fynt kin fia dizze pdf sjen hokker skûtsjes tasein ha te kommen.

IFKS in aksje

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: