De doelstelling foar it seizoen 2011 – behâld fan it plak yn ‘e A-klasse – is helle mei in alfde plak yn ít einklassemint. Lykwols rûn de lêste wedstriid op ‘e Lemmer foar it doarpsskûtsje en de Eastermarder belangstellenden út op in teloarstelling. Nei in oanfarring mei ‘Wylde Wytse’ by it earste kear besilen fan ‘e boppeste tonne, besliste skipper Geale Tadema om it wedstriidwetter te ferlitten. Hy die dat om’t er in kapitale misrekkening makke hie. Dat de ploech de ôfrûne wike in tal emosjonele en materiële tsjinslaggen te ferwurkjen hân hat sil sûnder twifel meispile ha.

De Eastermarder supporters op dyk en pier fan ‘e Lemmer wienen fansels teloarsteld troch de gong fan saken en hopen noch op in passaazje fan ‘it doarp Eastermar’ by de oanwêzige fans lâns. Al dy Eastermarder skûtsjefreonen hienen dochs wol in groet as teken fan wurdearring ferwachte. No gie de hiele IFKS-silerij 2011 foar it doarp Eastermar út as de sprekwurdlike nachtkears…

De hanthavening yn ‘e A-klasse en in fjirde, seisde en twa kear in achtste plak yn ‘e wedstriidwike jouwe lykwols in goed perspektyf foar de wedstriden fan 2012.

ABA_5624-1

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: