Hjoed wie de silerij op 'e Sleattemer Mar. Mei in 6e plakje juster yn Heech hopen wy allegearre wer op sa'n goeie útslach. Sa as meastal wie it folchskip wer ôfladen mei fanatike fans. De skipper hie ús wer op in prachtich plakje trakteard, no ja, oant se mei de tonnen begongen te slepen...
Nei de earste en ek noch in twadde falske start waard de swarte flagge hise: wa't dan wer te betiid start moat werom. De tredde start wie goed en de 'Ea' sette mei de 'Jonge Jasper' fan Sieb Meijer oer stjoerboard ôf en dat like samar in hiel goeie slach te wêzen: se soene op bakboard by de tonne komme en bak- giet foar stjoerboard mar spitich, de oare skippen hiene de wyn krekt wat better. As 10e om 'e tonne, mar mei de 'op-en-del baan' wie alles noch mooglik. Spitigernôch pakte it net al te bêst út foar ús favorite skûtsje, wy koene net rjocht út 'e achterein fuort komme. Nei de finish siet der net mear yn as in 13e plakje.
Groetnis fan ús allegearre op de 'Gulden Belofte',
Ineke Nijhuis
-
-
- Informatie
- 06 maart 2024
Skûtsjejûn SIES 2024
De Skûtsjejûn waard goed besocht, de seal yn't Breed siet fol. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 februari 2024
Winterferljochting skûtsje Ea wer opburgen
Wy wienen dit jier wat letter, mar de winterferljochting leit wer yn de 'simmeropslach'. Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 januari 2024
Nijjiersgearkomste SIES
Freedtejûn 19 jannewaris hienen wy in tige slagge nijjiersgearkomste foar bestjoer, bemanning en oan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 december 2023
Nieuwe sponsor voor Stifting it Eastermarder Skûtsje
Wij verwelkomen Movere Media als nieuwe sponsor! Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 december 2023
Skûtsjewijnactie 2023
Hoewel inflatie, grondstofprijzen en kosten voor materiaal de afgelopen jaren almaar toenamen, heeft... Fierder lêze »