It resultaat op de tredde dei fan it IFKS-skûtsjesilen op de Hegemer Mar wie fantastysk! Yn ien klap wie de ûngeloksdei fan 15 augustus op de Iselmar by Starum fergetten. It Eastermarder skûtsje einige op it seisde plak. Yn it totale klassemint stiet ‘it doarp Eastermar’ op dit stuit op it 11e plak en dat smakket nei mear en heger.
Henk Regts waard mei it Wâldseinder skûtsje ‘Ut en thús’ winner, skipper Tony Brundel mei it Gastmerder skûtsje de ‘Lytse Lies’ dat moandei swiere skea oprûn by in oanfarring, wie twad. En tred waard Kees Jonker út Wâldsein mei de ‘Driuwpolle’.

It kapotte ûnderdiel wie ferfongen, de blessueres fan Douwe Tadema foelen ta, him wie oanret om it in dei tuike oan te dwaan, mar it bloed krûpt dêr’t it net gean kin: op in rêstich plakje siet er dochs oan board. En oft it dêrtroch kaam, troch it tûke farren fan de bemanning of troch de oanwizings fan ‘e meifarrende Douwe (Grou) Visser, it skûtsje hie de geut. De rûte yn Heech wie as 'op-en-del-baan' mei in gate (poarte) útset, wêrby’t de skippers sels kieze kinne hokker fan ‘e twa leechste tonnen’t hja nimme sille. Foar taskôgers in spannend skouspul en ek foar de skûtsjes in echte sylwedstriid. En wát in spanning. It skûtsje fan Delmer Los sloech healwei de wedstriid om en moast de striid opjaan, it
skrikbyld fan elke skûtsjeskipper! Al mei al in plusdei foar ‘it doarp Eastermar’.

IMG_0005logo_IFKS
IMG_0007
foto's Klaas Jansma



Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: