De beloofde ferslachjouwing fan de bemanning rint wat speak om't de ynternet- en mailferbining op de Fryske Marren noch wat te winskjen oerlit. Jim moatte it oan no ta even dwaan mei wat jim hjirre yn de 'replay' fan Starum sjen kinne, it skutsjesjoernaal mei de reportaazje fan Starum fan Omrop Fryslân, en mei it 'ooggetuigenverslag' fan it redaksjelid dat moandei op it folchskip meigien is. De foto-reportaazje fan Starum stiet hjirre.
Nei it fertrek út de haven fan it folchskip 'De Gulden Belofte' mei twa skûtsjes as fracht (werûnder fansels It Doarp Eastermar) like it earst in driuw- en dobberfestijn te wurden.
Amper in suchtsje wyn; juster yn 't nijs wie te sjen dat de Snitswike dêr ek lêst fan hie. Mar nei wat ynfarren of eins yndobberjen kaam der dochs wat wyn; neffens Klaas Jansma om't der in bui boppe Enkhuzen ferskynde... It sil wol.
Yn alle gefallen slagge it Geale om in knappe hege startposysje te bemachtigjen. (Is it net krekt as ha'k der ferstân fan?) Dochs wie Eastermar net as ien fan de earsten oer de line en 'we' farre as trettjinde om de earste tonne. It gie better as saterdei mar dat wie ek net sa dreech... En let op: nei it foar-de-wynse rak (jaja...) dêr't de fok der beslist net bêst foar stie (Geale: ik haw der foto's fan...) pakten se de bakboardtonne en pakten dêrmei in pear plakjes; foaral dyjingen dy't foar de stjoerboardtonne fan de 'gate' keazen. Se skoden wrachtsjes op nei it achtste plakje! Dat gie bêst. En eins bleau it oan de ein ta (dy't wat earder kaam as eins de bedoeling wie) wol aardich gean. Om't de wyn wat ûnberekkenber waard, waard besletten de race yn te koartsjen en blykte ynienen Siebo Sijsling fan Drylts winner te wêzen en wie Eastermar noch mei fiif oare skippen yn de slach. Dêr koenen se spitigernôch gjin winstplakken mear pakke en kaam 'it doarp Eastermar' úteinlik as tsiende oer de streek. Mar om't Jacob Huisman yn de earste omloop ( ho... even yn 'e war mei keatsen, dêr ha'k ek gjin ferstân fan...) even net mear wist hoe't de bakboard-/stjoerboardregeling ek al wer gie by de tonne, en dêrmei Martin Vlasbloem hast de Iselmar út raamde, skoden we ien plakje nei foaren en wie it njoggende plakje foar ús.
Us eigen Eastermarder Klaas Jansma stie op de wâl en seach it sa:
Eastermar eindigde maandag in Stavoren als tiende. Na de start lagen ze bij de bovenste ton in de achterhoede. Bij de tweede doorkomst bij de bovenste boei, lag de 'Ea' na een hele mooie slag om wind te zoeken op een fraaie achtste positie. Helaas konden ze dit niet vasthouden en bij een ingekorte race finishten ze als tiende. Door een protest van Martin Vlasbloem op Jacob Huisman werd Eastermar toch nog negende.
-
- Informatie
- 03 september 2024
Rabo clubsupport: Stem op stifting 'it Eastermarder Skûtsje'
-
- Informatie
- 01 september 2024
Donateursilen en jeugdsilen Skûtsje Ea skrast
Troch de grutte skea, oprûn by de oanfarring tidens de lêste IFKS sylwedstryd op 'e Lemmer, kin it s... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 augustus 2024
Skûtsje Ea viert een derde plaats in de IFKS 2024
Zondagmiddag 25 augustus hebben we het skûtsje en de bemanning binnengehaald en daarna iedereen gefe... Fierder lêze » -
- Informatie
- 24 augustus 2024
Skûtsje Ea mei averij út de lêste IFKS-wedstryd op 'e Lemmer (update)
Update: it protest is tawiisd en dat betsjut dat de Ea tredde wurden is yn it klassemint! In poadium... Fierder lêze » -
- Informatie
- 20 augustus 2024
Skûtsjeblog IFKS skûtsje Ea
De IFKS zit er weer op, met voor It Doarp Eastermar een derde plek in het eindklassement. Bij Hindel... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 juli 2024
Uitslag verloting skûtsje 'it doarp Eastermar'
Hierbij de uitslag van de verloting tijdens het dorpsfeest in de stand van het skûtsje 'it doarp Eas... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 24 augustus 2024
Skûtsje Ea mei averij út de lêste IFKS-wedstryd op 'e Lemmer (update)
Update: it protest is tawiisd en dat betsjut dat de Ea tredde wurden is yn it klassemint! In poadium... Fierder lêze »