Lemmer 2 wie in geweldich spannende finale tusken de nûmers 1 en 2 fan it klassemint, Jelle Talsma en Delmer Los. Dat wie foaroan yn it wedstriidfjild. Eltsenien wit hoe't dat ôfrûn is: Jelle Talsma, debutant yn de grutte A, is kampioen wurden. Mar achteryn barde ek in soad.
ifFoar de eagen fan it publyk fûn in oanfarring plak by it farren om 'e tonne by it strân. It like oft Geale te betiid draaide en dat dêrtroch twa oare skippen yn de knipe kamen by de tonne. Earst krige Eastermar de Singelier tsjin de kop en dêrnei raamde Siete Meter yn de stjoerboardwarring fan it Eastermarder skip. Gefolch: in protest fan Siete Meter tsjin Geale Tadema en oarsom. De protestkommisje hat der tiden mei dwaande west mar de útslach is dat it protest fan Siete Meter tsjin Eastermar ôfwiisd is en it protest fan Geale Tadema tsjin Siete Meter erkend. Lykwols wie de sitewaasje sa yngewikkeld dat de kommisje besluten hat dat it Siete Meter gjin punten kostet. Foar de fersekering is it wol wichtich dat Tadema it protest tawiisd krigen hat, want der is wol wat skea oan it skûtsje. It doarp Eastermar waard en bliuwt hjoed 13e en is, fansels spitich, als lêste einige yn it algemien klassemint.
De oanfarringsitewaasje by de tonne foar it strân
De 'Nieuwe Zorg' fan André Wiersma (Aldegea) mei oan board it Eastermarder bemanningslid Eit Jonkman is 7e wurden yn it klassemint fan de lytse A-klasse.
Snein komt it doarp Eastermar wer thús (± 15.30/16.00 oere) en wy hoopje dat in soad minsken skip en bemanning op de Komerk opwachtsje sille. Mei harren grutte ynset dizze wike is dat blyk fan wurdearring wis en wrachtich fertsjinne. Ek al betsjut it resultaat wol dat wy it kommende jier wer betiid fan 't bêd moatte om de wedstriden fan de B-klasse te besjen...
It wie hjoed de lêste wedstriid foar skoateman Oebele Brouwer, hy hat oanjûn dat er ophâlde sil
-
-
- Informatie
- 06 maart 2024
Skûtsjejûn SIES 2024
De Skûtsjejûn waard goed besocht, de seal yn't Breed siet fol. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 februari 2024
Winterferljochting skûtsje Ea wer opburgen
Wy wienen dit jier wat letter, mar de winterferljochting leit wer yn de 'simmeropslach'. Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 januari 2024
Nijjiersgearkomste SIES
Freedtejûn 19 jannewaris hienen wy in tige slagge nijjiersgearkomste foar bestjoer, bemanning en oan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 december 2023
Nieuwe sponsor voor Stifting it Eastermarder Skûtsje
Wij verwelkomen Movere Media als nieuwe sponsor! Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 december 2023
Skûtsjewijnactie 2023
Hoewel inflatie, grondstofprijzen en kosten voor materiaal de afgelopen jaren almaar toenamen, heeft... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 22 april 2024
Doop skûtsje de Broekophalder: een feestelijk spektakel!
Na een geslaagde tweede training op de Burgummer Mar stond de bemanning van Skûtsje de Broekophalder... Fierder lêze »