Der is al in skoftsje neat skreaun oer de restauraasje fan it Eastermarder skûtsje. Mar dat wol net sizze dat der neat bart!

De eigners, de famylje Tadema, hienen in lytse tsjinslach wat de kondysje fan it skip oanbelanget en moasten it beslút nimme mear izer te ferfangen as de bedoeling wie. Benammen de kimmen (simpel sein de sydkanten fan it skip) binne no ek allegear ferfongen. Dit hat in pear wike ekstra tiid koste mar oars wie dizze reparaasje miskien oer in pear jier oan de oarder kaam. Op de foto's is it nije izer te sjen.

Image

Fierder binne der swurden kocht fan it skûtsje fan it Hearrenfean en in mêst fan Grou. In roer wurdt op dit stuit nij makke op de Gordyk. Dizze wike komt it laskwurk en it slypjen hielendal klear. Ek de tarrelaach ûnder it flak is fuorthelle. It skip sil, wat letter as de bedoeling wie, op transport nei de straler en it kin dêrnei ferve wurde.

It is it doel en far it skip yn de wike foar it doarpsfeest nei Eastermar. Op de sneon, tidens de merk, sil der in donateursaksje op tou set wurde en kin it Eastermarder skûtsje besjoen wurde.

Image

Image

Image

Image

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: