Yn de nijste BREEDút stiet te lêzen dat it Eastermarder skûtsje foar it earst te besjen wêze sil op it kommende doarpsfeest.
It bestjoer fan 'It Eastermarder Skûtsje' fynt it tige spitich om melde te moatten dat dizze datum net helle wurdt. De eigners, frijwilligers en de werf dêr 't it skûtsje restaurearre wurdt, hawwe de lêste wiken ôfgryslike hurd wurke om ien en oar klear te krijen. Mar it beslút om ek de kimmen te ferfangen (de ferbining tusken it flak en it boeisel, dus op de wetterline) hat soarge foar in pear wiken fertraging.

Image
Op dizze foto binne de nije kimmen goed te sjen



IFKS
Dizze fertraging betsjut lykwols net dat it skûtsje net meidwaan sil oan de IFKS!
Meikoarten giet it skip nei de straler en kin it dêrnei ferve en opboud wurde.
Dat der troch de fertraging foarôfgeand oan de wedstriden minder oefene wurde kin mei it nije skip en de nije bemanning seit himsels, mar... de mannen 'geane der foar'. Op 4 augustus is de earste wedstriid by Hylpen.

It Eastermarder Skûtsje kin fansels yn in letter stadium rekkenje op in moai wolkom yn ús doarp ...en donateur wurde kin no ek al fia it opjefteformulier .

Image
It slypjen fan de lasknaden wurdt û.o. dien troch Eastermarder frijwilligers
Image
De nije lier stjit al klear

 

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: