Om flink wat ûnderfining op te dwaan docht 'it doarp Eastermar' dit jier mei oan Lemmer Ahoy. Yn totaal wurde der fiif wedstriden syld oer trije dagen:

  • tongersdei 2 juny, 2 wedstriden, de earste start om 12.00 oere
  • freed 3 juny, 2 wedstriden, de earste start om 11.00 oere
  • sneon 4 juny, 1 wedstriid, start om 11.00 oere

De 'Ea' sylt yn klasse 1, dêr dogge 24 skûtsjes oan mei. Nei alle gedachten wurdt dit in spektakel om te sjen. Mear ynfo. is te finen op www.zevenwolden.nl

Op de hinnereis, fan Eastermar nei de Lemmer, wurde der by Hooghiemstra yn Twellingea in pear nije swurden pleatst. Technysk sjoen is it skûtsje der tongersdei hielendal klear foar!

Nije swurden

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: