Fannemiddei hat ús skûtsje wer lisplak fûn yn ‘e thúshaven. Under belangstelling fan sa'n twahûndert Eastermarders en oare sympatisanten fear skipper Geale Tadema de Lits oer nei de steiger (dy't troch havenmaster Albert Kieft foar dit doel apart reservearre wie) oan ‘e Komerk.

‘De Broekophâlders' ferwolkommen skip en bemanning mei passende lieten. Ut namme fan ‘e Stifting ‘It Eastermarder Skûtsje' spruts foarsitter Wijbe Postma in wolkomstwurd. Dêrby helle hy oan dat de degradaasje út de A-klasse fansels spitich is, mar dat dizze wedstriidwike ek genôch learsume mominten hân hie dêr't bemanning én Stifting foar it kommende winterskoft har foardiel mei dwaan kinne. Skipper Geale Tadema rûn yn syn tankwurd de ôfrûne wedstriidwike noch efkes nei en seach yn de opdiene ûnderfinings wol perspektyf foar it folgjend jier. Dat der, nettsjinsteande it wedstriidresultaat, safolle minsken by dizze oankomst har belutsenens by it skûtsje toanden, jout oan dat de doarpsgenoaten noch altiten waarmrinne foar wjerfarren fan ‘it doarp Eastermar'. Ek it manmachtich besochte, osa gesellige en tige goed fersoarge ‘Neipetear' by Meerzigt is in bewiis dat in soad minsken hiel wat op ha mei ús doarpsskûtsje.

p8097242-1

Klik hier voor de fotoreportage

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: