Al earder dit jier hie de âlde mêst, noadich foar de winterferljochting, plak makke foar de wedstriidmêst. Ofrûne saterdei hat de bemanning op de opslach it doarpsskûtsje alhiel farklear makke: de swurden en de gyk teplak, it roer mei oanhingmoter ‘op ‘e kont‘ set en de beskermingsdoeken befêstige. In stevich kerwei mar tsjin ‘e middei lei ‘it doarp Eastermar’ wedstriidklear oan ‘e Snakkerbuorren.

De deis dêrnei stie de ploech – nei hast twa jier ‘koroanaferlof’ – paraat foar de earste trening op ‘e Mar. En de mannen en froulju hienen der sin oan. Einlings werris aksje!
De trening waard mei in goed gefoel ôfsletten. Hiel wat better as de Blauhúster kollega’s, want dy gienen ‘om’ mei it skip by har earste oefenmomint fan dit jier. It Ea-skip hat nei dit slagge earste oefenmomint wer lisplak ynnaam by de brêge-ein.

Der steane noch in tal treningen op ‘e Burgumer Mar op ’t program. De earstkommende is freedtejûn 11 juny en dêrnei noch trije kear. Om de 22-ste juny hinne ferfart skipper Geale Tadema it skûtsje dan nei de Súdwesthoeke om dêr fan Heech út te trenen en op 3 en 4 july mei te dwaan oan sprintwedstriden op ‘e Sleattemer Mar.

De beide lêste foto's binne ynstjoerd troch Hans Kuypers fan de Pein, dy't snein 6 juny ús skûtsje op 'e Mar silen seach...

20210605 165903IMG 20210606 WA0007IMG 20210606 WA000460bfd95f49025 P137002860bfd95f5851f P1370011

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: