Justjes nei fjouweren is skûtsje 'it doarp Eastermar' neffens tradysje snein binnenhelle. De belangstelling wie grut mei boatsjes op it wetter en in protte folk op 'e Komerk. Doe 't it skip oan de steiger lei wie it boargemaster Polderman dy 't as earste de skipper en de bemanning lokwinskje koe mei de promoasje nei de A-klasse yn de IFKS. Foar alle bemanningsleden en partners stie der sjampanje klear.

Promoasje nei de A-klasse
Foto Saskia van den Berg

Yn de taspraak fan de boargemaster kaam it der op del dat nei ien stap tebek de resultaten no wer de goeie kant útgienen. As boargemaster wie er tige grutsk en hie er alle kompliminten foar skipper en bemanning. Ferfolgens dielde Polderman wite roazen út, dy 't er meinommen hie fan de benzinepomp. Dit lêste bekende hy hiel earlik mar it gebaar wie der net minder om.

Skipper Geale Tadema joech in taljochting oer it ferrin fan de IFKS wike en tanke dêrnei syn bemanning. "In geweldige ploech!"
Foar eltsenien fan de bemanning wie der in prachtich boeket blommen en in Eastermarder flagge foar op it skûtsje, út namme fan stifting it Eastermarder skûtsje.

Yn Meerzigt koe men dêrnei noch neiprate oer de prachtige IFKS-wike.

 

 

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: