De bemanning fan ‘it doarp Eastermar’ moast it ôfrûne wykein goed oan ‘e bak. Op freed sile mei jeugd en donateurs en saterdei en snein dertsjinoan by ‘Skûtsjesilen yn ‘e Wâlden’. Dat wettersportevenemint hie yn ’t ferline net altiten it bêste sylwaar, mar dit jier is it perfekt ferrûn. Der waarden mar leafst njoggen wedstriden yn twa dagen fersyld. It einresultaat foar ús doarpsskûtsje wie in tredde plak.
Op de Burgumer Mar hie de wedstriidlieding in moaie baan útset sadat de tsien doelnimmende skûtsjeskippers yn sprintwedstriden (= starte, yn in krúsrak nei de boppetonne, foar de wyn nei de lege tonne en dan finishje op sawat itselde plak as de start) al har kunde en feardigens nedich hienen. Dat slagge Sikke Heerschop mei ‘De Wylde Wytse’ it bêst, want hy waard fjouwer kear earst.
Skipper Geale Tadema wie yn ‘e wedstriden op saterdei ûngelokkich mei twa falske starts en moast dus 20 punten byskriuwe.
De útdrukking ‘lêst bêst’ gie foar de Eastermarders op, want yn de trije wedstriden op sneintemoarn waarden hja twa kear earste en ien kear tredde. Dêr wie in moai ploechje taskôgers op ‘e dyk by ’t swimplak tsjûge fan.
Oer dizze suksesfolle edysje moat noch sein wurde dat de organisaasje in komplimint fertsjinnet. Dat komplimint jildt net allinnich foar wat der op ’t wetter plakfûn, mar ek yn ’t doarp sels. Prima lisplakken regele, in heldere útlis op ‘e palavers yn ’t Breed en De Parel en in sfearfolle priisútrikking op ús doarpsplein mei in echte skûtsjemiss.
Mear foto's:
- Wedstriden sneontemoarn (foto's Rienk Vlieger)
- Wedstriden sneontemiddei (foto's Rienk Vlieger)
- Wedstriden sneon (foto's Nynke de Jong)
- Wedstriden en priisutrikking snein (foto's Albert Bakker)
- Wedstriden snein (foto's Auke Postma)
-
- Informatie
- 11 december 2022
Winterferljochting Ea-skûtsje
“Komt it skûtsje noch yn ’t ljocht?”, waard my troch in doarpsgenoat frege. Plak en tiid wienen der... Fierder lêze » -
- Informatie
- 25 november 2022
Skûtsjewijnactie 2022
Wij zijn erg blij dat onze dorpssuper ook dit jaar weer zijn medewerking wil verlenen aan onze wijna... Fierder lêze » -
- Informatie
- 13 september 2022
Ea-skûtsje fart mei jeugd en donateurs
De 14 bern dy’t freedtemiddei 9 septimber ll. by de brêge-ein oan board stapten, wienen wakker nijsg... Fierder lêze » -
- Informatie
- 22 augustus 2022
IFKS 2022: Neipetear
Om healwei fiven sneintemiddei lei it doarpsskûtsje oan op ‘e brêge-ein: de thúshaven. In part fan de... Fierder lêze » -
- Informatie
- 20 augustus 2022
IFKS dei 7: De Lemmer Finale
De stân yn de top fan it algemien klassemint Klasse A-grut wie sadanich dat de spanning te snijen wi... Fierder lêze » -
- Informatie
- 20 augustus 2022
IFKS dei 6: De Lemmer 1
Op folchskip De Gulden Belofte wienen hjoed likernôch 15 sponsors mei byhearrende gasten, dy’t in groe... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 19 december 2022
Vandalisme by 'It Swimplak'
Beste dorpsbewoners, afgelopen week zijn de prullenbakken bij 'It Swimplak' opgeblazen met zwaar vuu... Fierder lêze »