Lykas bekend moat der dit jier start wurde yn 'e B-klasse fan 'e IFKS. It startskot foar dy klasse falt moarns al om 9.50 oere. Tsien minuten letter giet ek de C-klasse los. De C-klassers binne fan 'e B-klassers te ûnderskieden trochdat de C-ers in Fryske flagge boppe it grutseil fiere. Mar fansels giet de belangstelling fan 'e Eastermarders út nei de prestaasjes fan skipper Geale Tadema en syn bemanning mei 'it doarp Eastermar'. Foarige jierren wienen donateurs en sympatisanten manmachtich oanwêzich om de sylprestaasjes fan bemanning en skip te folgjen. Wapene mei toeters en doarpsflaggen stipen hja fan de wâl ôf of fanút boaten by it wedstriidwetter har 'matjedoaren'. Mei dizze stipe moat it mooglik wêze om dit jier werom te kommen yn de A-klasse. De earste wedstriid wie dus saterdei 7 augustus by Hylpen. Moandei 9/8 wurdt der fearn by Starum, tiisdei 10/8 by Heech, woansdei 11/8 by Sleat, tongersdei 12/8 by Ychtenbrêge en de freed en saterdei dêrnei is de striid op 'e Lemmer. Wol de lêzer fan dizze oankundiging noch mear ynformaasje ha en krekt witte fan hoe-en-het, dan kin dy syn ljocht opstekke op 'e hiemside fan 'e Iepen Fryske Kampioenskippen Skûtsjesilen
-
-
- Informatie
- 06 maart 2024
Skûtsjejûn SIES 2024
De Skûtsjejûn waard goed besocht, de seal yn't Breed siet fol. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 februari 2024
Winterferljochting skûtsje Ea wer opburgen
Wy wienen dit jier wat letter, mar de winterferljochting leit wer yn de 'simmeropslach'. Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 januari 2024
Nijjiersgearkomste SIES
Freedtejûn 19 jannewaris hienen wy in tige slagge nijjiersgearkomste foar bestjoer, bemanning en oan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 december 2023
Nieuwe sponsor voor Stifting it Eastermarder Skûtsje
Wij verwelkomen Movere Media als nieuwe sponsor! Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 december 2023
Skûtsjewijnactie 2023
Hoewel inflatie, grondstofprijzen en kosten voor materiaal de afgelopen jaren almaar toenamen, heeft... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 02 december 2023
Eastermar is...
...in twadde doarpsskûtsje: de Broekophâlder. Fierder lêze »