Poadiumplak wis!
Doarpsgenoaten,
De útslaggen fan de IFKS-silerij yn ‘e A-klasse binne foar ús doarpsskûtsje sadanich dat in poadiumplak wis is! De ôfspraak binnen de Stifting It Eastermarder Skûtsje is dat by sa’n prima resultaat de thúskomst fan skip en bemanning ekstra omtinken kriget. En by it beheljen fan it kampioenskip wurdt der noch in skepke boppe-op dien.
Dus… sneintemiddei om 17.00 oere komt it doarp Eastermar oan op De Komerk. It is foar de suksesfolle ploech fan skipper Geale Tadema fansels moai as dêr in kloft folk stiet om it goede resultaat ekstra glâns te jaan.
Us oprop is hjirby dan ek: “Allegear komme!!!”
Mar net allinnich dy snein komme… ek kin saterdeitemiddei by it bekend wurden fan ‘e einútslach de flagge út. Dat is dus it folgjende fersyk oan jimme om óf de doarpsflagge, óf de Fryske pompeblêden, óf de nasjonale trijekleur út te stekken. Besykje ek buorlju en buertgenoaten safier te krijen dat se de flagge oan ‘e gevel hingje. Dwaan, want dit is de earste kear dat ús doarpsskûtsje dit resultaat berikt.
Yn ús saneamde ‘Neipetear’ sille wy yn Herbergh de Parel noch in neisit hâlde en wa't tiid en nocht hat kin dêr ek by wêze. Wy hoopje op in prachtige ôfsluting fan in hiel bysûndere IFKS-wike 2018.
Wijbe Postma (foarsitter SIES)
-
-
- Informatie
- 06 maart 2024
Skûtsjejûn SIES 2024
De Skûtsjejûn waard goed besocht, de seal yn't Breed siet fol. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 februari 2024
Winterferljochting skûtsje Ea wer opburgen
Wy wienen dit jier wat letter, mar de winterferljochting leit wer yn de 'simmeropslach'. Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 januari 2024
Nijjiersgearkomste SIES
Freedtejûn 19 jannewaris hienen wy in tige slagge nijjiersgearkomste foar bestjoer, bemanning en oan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 december 2023
Nieuwe sponsor voor Stifting it Eastermarder Skûtsje
Wij verwelkomen Movere Media als nieuwe sponsor! Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 december 2023
Skûtsjewijnactie 2023
Hoewel inflatie, grondstofprijzen en kosten voor materiaal de afgelopen jaren almaar toenamen, heeft... Fierder lêze »