Grutsk as protters stienen fannemoarn eigenaren en bemanningsleden fan ‘it doarp Eastermar’ en in bestjoerslid fan ‘e Stifting It Eastermarder Skûtsje de nije mêst foar it skûtsje ‘it doarp Eastermar’ op te wachtsjen. Dat barde op it terrein fan wettersportbedriuw De Lits oan ‘e Snakkerbuorren.
mast

De nijkeap kaam om healwei njoggenen hinne oan. De frachtwein dy ’t de nijkeap ferfierde wie langer makke en sa koe it gehiel as ‘transport exceptionnel’ fan ‘e Gerdyk nei Eastermar plakfine. De âlde mêst wie freedtejûn al fan ’t skûtsje helle en sa koe reedlik flot, gebrûkmeitsjend fan Foppe Antonides’ portaalkraan en de help fan Rienk Rienksma de nije ‘prikke’ syn plak krije.
mest_op_it_skutsje

De âlde mêst hat syn simmerplak no by Bouwe de Jong fan ‘e Sumarder-wei. Hy wie ree en stel wat romte beskikber yn ien fan syn bedriuwsgebouwen. Yn ‘e hjerst wurde de mêsten omwiksele en sil de âlde mêst wer tsjinst dwaan as drager fan ‘e o sa sfearfolle winterferljochting. Nei de pleatsing fan ‘e nije mêst en it fuortbringen fan ‘e âlde nei de Sumarderwei is ús skûtsje ‘it doarp Eastermar’ wer op syn simmeroanlisplak by it âld brêgehaad oanlein. Sa’t it no stiet sil kommende freed de bemanning har earste treningsjûn ha. Dizze nije mêst is makke by skipstimmerbedriuw Boersma fan ‘e Gerdyk en koe bekostige wurde troch in geweldich slagge skûtsjewyn-aksje – hâlden yn desimber ’08 en opbringst € 4000,-. – ,de bydragen fan in tal sponsoren en de ynset ta jildgarjen fan inkelde donateurs. In bewiis dat it skûtsjegefoel by de Eastermarders djip woartele is. De eigenaren ha ek in part fan ‘e kosten foar har rekken naam en sa kaam it fereaske bedrach fan € 15.000,- op ’t kleed. De lengte fan dit nije skipsûnderdiel is 19.80 m. en dat is rom oardel meter mear as de âlde. It gewicht fan ‘e nije mêst is 800 kilo. Dizze fernijing wie nedich om ‘t ‘it doarp Eastermar’ dit jier by de IFKS-wedstriden foar ’t earst yn ‘e A-klasse meidocht nei twa tige súksesfolle jierren yn en promoasjes út de C- en B-klasse. De easken dy’t dit jier oan it materiaal steld wurde, lizze in knikje heger as de foargeande jierren. Fansels wol de skipper Geale Tadema mei syn bemanning ek by de ‘thúswedstriid’ op 13 juny n.k. op ‘e Burgumer Mar goed foar ’t ljocht komme en dat is ek in moaie gelegenheid om de nije ‘peal’ yn wedstriidferbân út te prebearjen.
mest3

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: