Nei in tige slagge aksje ûnder donateurs en sponsors, mei as doel in nije mêst foar it skûtsje fan Eastermar,  koe skipstimmerbedriuw Boersma fan de Gordyk los mei it meitsjen fan de mêst. Dit bedriuw hat it drok want Eastermar is net de ienigste dy 't nij rûnhout op it skûtsje hawwe wol. Mar gelokkich koene de bruorren Tadema de mêst op tiid bestelle en sadwaande is 'ús mêst' moai op tiid foar it seizoen klear.

IMG_0108

Op de foto's is goed te sjen dat it D-Day wie, dêr by Boersma. De ferskillende planken (oregon pine) waarden op nerf, sterkt en dikte úsocht. Dêrnei waarden dizze planken op maat skaafd en oaninnoar 'laske' om in lengte fan 20 meter te ferkrijen. Dan in spannend momint. Alle planken waarden ynsmart mei spesjale twa komponentenlym en dêrnei mei in tal grutte lymtangen ûnder druk setten. Ek wurdt fuortendaliks de kromming fan de mêst al yn de foarm brocht. Dit alles moat binnen trije ketier gebeure!
Neidat de lym droege is kin it skaavjen beginne om de mêst rûn te krijen. Meikoarten komme dêr ek foto's fan op 'e side.

IMG_0102

IMG_0110

IMG_0112

IMG_0117

foto's Geale/Douwe Tadema

 

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: