Der raasde saterdei 15 juny oer it Djippe Gat by Burgum in foech stoarm en dêrtroch koe ‘it doarp Eastermar’ net sile. De organisaasje fan de Fryske Olympiade naam terjochte it beslút om it ûnderdiel skûtsjesilen te skrassen fan it program: de feilichheid fan bemanning en skip koe net garandearre wurde. Sadwaande koenen allinnich de keats- en fierljepwedstriden hâlden wurde.

Dêr wie lykwols noch de konstruksje fan in tiim – foarme troch in tal keatsers, in tal ljeppers en in skûtsjebemanning – dat punten garje koe mei de levere prestaasjes yn de eigen sport. Us doarpsskûtsje siet yn tiim 3 dat as ‘captain’ de keatster Afke Hylkema hie. De keats- en ljepleden fan dat tiim hellen safolle punten, dat it fan de acht dielnimmende tiims op it tredde plak yn ‘e einútslach kaam: in poadiumplak. Brûns!

It wiete pak dat ‘ús’ jonges by it ynsilen oprûnen wie dus net om ‘e nocht. Hja sylden dit kear mei de bruorren Los as skipper en adviseur. Dy ferfongen Geale en Douwe Tadema. Dy koenen fanwege persoanlike omstannichheden net meidwaan. 

fol

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: