Yn it wykein fan 2/3 july hat ‘it doarp Eastermar’ twa wedstriden fearn yn it ramt fan it 30-jierrich jubileum fan ‘e IFKS.
De earste wedstriid wie op saterdeitemiddei op De Fluezen by Ealahuzen en de twadde op sneintemoarn op ‘e Iselmar by Starum. Yn in fjild fan 9 dielnimmers fear skipper Geale Tadema de earste dei nei in 7e plak en de sneins einigen skipper en bemanning as 6e.
De silerij fan saterdei soe earst ek by Starum hâlden wurde, mar de wynkrêft fan dy dei – in stive 6, mei swiere weagen op ‘see’ – twong de organisaasje om oar wedstriidwetter te sykjen.
Fanwege dy hurde wyn keas de skipper fan ús doarpsskûtsje foar it saneamde hurde-wyn- túch. Krekt foar de start besocht de bemanning der noch in reef yn te setten, mar dat slagge net en troch de tiid dy’t dat allegearre ferge kaam ‘it doarp Eastermar’ ek noch in dikke minút te let oer de startline. De hiele wedstriid moast der bealge wurde om gong te hâlden.
Op in bepaald stuit lei it skûtsje sadanich ‘op ien ear’ dat in froulike opstapper yn ûnmacht plat op ‘e lûken lei en tocht dat hja sa de ploemperd ynsjitte soe… Wol moai spannend fansels, mar net befoarderlik foar in goede klassearring.
De wedstriid fan snein ferrûn syltechnysk folle better. Der stie wat minder wyn, it nije wedstriidtúch stie der op en de start slagge ek better. It skip koe de wyn makliker fersjouwe en dus mear en evenrediger gong hâlde. “Wy ha doe sels noch twa oare skûtsjes ynhelle”, fertelde bemanningslid Sipke Hogendorp, “dat wie foar ús in goeie saak nei dat swiere wrotten fan ‘e saterdei.” Al mei al kin sein wurde dat der dit wykein in soad ûnderfining opdien is en dat dy brûkt wurde kin yn ‘e wedstriidwike fan ‘e IFKS mids augustus.
-
- Informatie
- 24 april 2024
Ea wedstrijdverslag skûtsjesilen Langwar
Na twee trainingen op de Burgumer Mar was het afgelopen weekend tijd voor de eerste wedstrijden van... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 06 maart 2024
Skûtsjejûn SIES 2024
De Skûtsjejûn waard goed besocht, de seal yn't Breed siet fol. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 februari 2024
Winterferljochting skûtsje Ea wer opburgen
Wy wienen dit jier wat letter, mar de winterferljochting leit wer yn de 'simmeropslach'. Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 januari 2024
Nijjiersgearkomste SIES
Freedtejûn 19 jannewaris hienen wy in tige slagge nijjiersgearkomste foar bestjoer, bemanning en oan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 december 2023
Nieuwe sponsor voor Stifting it Eastermarder Skûtsje
Wij verwelkomen Movere Media als nieuwe sponsor! Fierder lêze »