Wy hienen de boel foar dit seizoen al wakker goed op regel: skipper en bemanning treenden op ‘e Mar en by Heech, it ûnderwetterskip fan it doarp Eastermar waard alhiel glêd spuite, it folchskip wie boekt, de útnûgings foar gasten en sponsors leinen klear, de fersoarging fan iten/drinken/hapkes wie regele, der waard in ridlik resultaat besyld by de ‘Slach om Heech’, mar… it, dochs wol begryplike, beslút fan it IFKS sette in streek troch al dizze tariedingen. In dikke ôfdijer foar it SIES-bestjoer, de skûtsje-eigners en de bemanning.
Mar net allinnich foar har. Ek foar ús entûsjast meilibjende doarpsgenoaten, ús donateurs en sponsors. Elkenien dy’t it doarpsskûtsje in waarm hert tadraacht sil dizze simmer de spanning fan wedstriden, dei- en einklassemint wér misse moatte. Dat wie ferline jier al in ferfelende boel, mar no foar it twadde jier op rige alhielendal. Gelokkich kinne wy – mei in slach fan ‘e koroanaregels om ‘e earm fansels – melde dat it jeugdsilen en it donateurssilen op freed 3 sept. wol op ‘e rol stiet. De skoalbern ha dêroer al berjocht krige. De donateurs wurde in pear wiken foar dy 3-de sept. yn ‘e gelegenheid steld om har op te jaan.

Bestjoer Stifting It Eastermarder Skûtsje en bemanning ‘it doarp Eastermar’ 

logo stifting

Mear skûtsje- en Stiftingnijs: