In ferslach, hiel oars as dat jimme wend binne. Gjin earste, gjin plak op it poadium. In wedstriiddei sa 't wy it dit jier noch net meimakke hawwe. Wy binne achtste wurden en freegje net hoe. Mar... wy stean noch wol altyd earste yn it klassemint, dus moarn kinne wy kampioen wurde! En promoasje nei de A kin ús eins net mear ûntkomme. De minste wedstriid, dy fan hjoed dus, kin ôflutsen wurde.

yn de baai fan de Lemmer
foto: Rienk Vlieger

Hjoed wie it sponsordei. In tal sponsors fan de Stifting en fan de Tadema's sels koene mei op it folchskip. Us patronesse, ek gewoan sponsor, mocht mei op it skûtsje sels. Der moat altyd ien útsûndering wêze, is 't net sa?

Foar achten kamen de gasten oan board, wolkom hjitten troch Wijbe Postma fan de Stifting. Hja soene in bysûndere wedstriid meimeitsje.
Even nei achten brocht ús folchskip, Gulden Belofte, ús skûtsje nei it wedstriidwetter en koe it ynsilen begjinne. Der waaide in moai koeltsje. By it palaver waard sein dat der nei alven mear wyn komme soe. Net ien skûtsje hie wat mei dat berjocht dien. Wy ek net. Lyk as alle oare dagen it lichtwaartúch der op en gjin rif yn 't seil. Dat hie ek gjin doel, dan wiene wy by de start al in ein achter kaam.

De start wie net al te bêst. Wol moai op 'e tiid oer de startline, mar leech yn ferliking mei de oare skippen. Der moasten mear meters makke wurde nei de boppeste tonne. Nei in bakboardslach kamen wy dêr oer stjoerboard op oan. Foar ús wie it in gribus by de tonne. Der wie in oanfarrinkje en ien skûtsje moast it wedstriidwetter mei skea ferlitte. Om't wy foarrang ferliene moasten, siet der neat oars op en syl om de meute hinne. Us skipper woe ek gjin risiko nimme om protesten foar te kommen. Sa kamen wy nei ien rûte earne yn de middenmoat te lizzen. In kear sânde, in kear seisde, achtste, sa gie it wat hin' en wer.

Wylst berûn de loft en kaam der in bêste bui oer ús hinne. En dy bui brocht de wyn mei dy 't foarsein wie. Allinne, dy wyn kaam earder en de wynkrêft wie aardich mear. In dikke fiif mei fleagen fan yn de seis. Net allinne wy mar aardich wat skûten kamen yn de problemen. Behalve ús konkurrint Jelle Talsma mei de Poep. Dy wie by de start as earste fuort en hawwe wy net wer sjoen. Sawat as wy juster. De Singelier, in oare konkurrint, siet yn dyselde middenmoat as wy.

It startskip joech earst fiif rûtes oan mar it wie in goeie beslissing om de finish der nei fjouwer rûtes yn te lizzen. It wie net mear te dwaan. Hoe 't wy de lêste rûte trochkaam binne... Mei de wedstriid wiene wy yn alle gefallen net mear dwaande. Hoe hâlde wy mêst en túch hiel? Hoe foarkomme wy dat wy omkiperje. In C-skûtsje seagen wy omslaan. De fleach koene wy hielendal folgje, it wie ôftellen oant er by de Ea kaam. "Alles los," raasde Geale en sa bleaune wy oerein. By de ûnderste tonne, dêr 't in gyp makke wurde moast, wie romte. In stoarmrûntsje yn in wedstriid? Gewoanwei dogge jo dat net. Geale naam gjin risiko en die it al. De mêst hie it oars net hawwe kind. Guon bemanningsleden doarsten al in skoftsje net mear nei boppe te sjen. It gie mâl dêr boppe-yn.
Doe op nei de finish en it ferlossende skot.
De mannen hawwe hjoed klauwen hân!

In earerûntsje foar de fans op 'e wal siet der net mear yn. Gau de fok del en seil minderje. Doe yn de hurde wyn oanlizze by it folchskip. Dat gie prima. Op 'e motor by de dyk del en de fans betankje. Doe 't it skûtsje oan de oare kant fan it folchskip lizze moast, gie it hast dochs noch even mis. De gaskabel fan de motor op it folchskip skeat op de ien of oare wize los en sa kamen wy hast op de droechten fêst te sitten yn de ûnderwal. Mar wy hawwe in geweldige skipper op de Gulden Belofte, dy 't letter ek nochris efterút de bjusterbaarlik drokke haven ynfarre moast, mei it skûtsje deroan fêst. Alle respekt!
Wat in dei...

Wy hiene hjoed al kampioen yn de B wurde kind. Dat slagge net. Wy hâlde de spanning der noch efkes yn. Wannear 't wy moarn Jelle Talsma efter ús hâlde kinne, dan slagget it al. Dan wachtet ús in earerûntsje troch de Lemmer hinne, tegearre mei de winners fan de oare klassen. Mar nei in dei as hjoed, ek al sette wy der moarn wol in oar túch op, witte wy dat it net meifalle sil.
Hawar, jimme wit it sa njonkenlytsen: Ea in winner!

Oant moarn yn de baai fan de Lemmer en oars oant snein. Wy komme om fjouwer oere op de Komerk oan, sa is 't doel.

Oebele en Fokje

 

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: