Spanning!
Yn 'e Lemsterbaai wie de spanning te snijen: op 'e dyk by de dik 40 Ea-supporters, op 't folchskip by de SIES-sponsors en gasten en fansels by de bemanning fan ús doarpsskûtsje. Spanning dy't syn oarsprong fûn yn 'e stân yn it algemien klassemint. 'it doarp Eastermar' besette in dield 5e plak mei 'Wylde Wytse' en hoe soe dy gelikense stân trochwurkje yn 'e taktyk fan de wedstriid fan fannemiddei?!
Nei de start yn 'e buert fan 't Woudagemaal moasten de dielnimmers in trijehoeksbaan ôflizze. De boppeste tonne lei moai ticht by de dyk en sa krigen de taskôgers dêr ek in stik as wat situaasjes te sjen dy't foar in hertpasjint net al te sûn binne. Nei de earste rûte lei 'Jonge Jasper' der daliks al in moai ein út en gie de striid om it 2e, 3e, 4e en 5e plak tusken 'it doarp Eastermar', 'Emanuel', 'Jonge Jan' en 'Lytse Lies'. It gie benammen om de slaggen dy't keazen waarden: sile jo lang oer bakboard nei it strân en dan omheech nei de boppeste tonne of nimme jo de koers rjochting soal en dan skerp nei de boppeste tonne. Hoe't it ek útpakte, it wie spanning foar de neamde koprinners.
Uteinlik waarden de kaarten sa skodde dat skipper Geale Tadema as 4e, nei Froukje Meijer ('Jonge Jasper'), Jelle Talsma ('Jonge Jan') en Merlijn Oltshoorn ('Emanuel'), oer de einstreek gie. In goed resultaat nei in prachtige silerij.
By de twadde Lemster wedstriid moarn falt der wier noch wol wat te heljen want de ôfstan yn 't algemien klassemint tusken de nûmers 1 en 5 - dêr't ús ploech ek by sit - hat noch nea sa lyts west. Dus allegearre nei de Lemmer en op 'e dyk ús matsjedoaren oanmoedigje!
Tekst: Wijbe Postma
Foto's: Rob Krimpenfort
Stipe troch: HIEL Eastermar!
-
-
- Informatie
- 06 maart 2024
Skûtsjejûn SIES 2024
De Skûtsjejûn waard goed besocht, de seal yn't Breed siet fol. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 februari 2024
Winterferljochting skûtsje Ea wer opburgen
Wy wienen dit jier wat letter, mar de winterferljochting leit wer yn de 'simmeropslach'. Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 januari 2024
Nijjiersgearkomste SIES
Freedtejûn 19 jannewaris hienen wy in tige slagge nijjiersgearkomste foar bestjoer, bemanning en oan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 december 2023
Nieuwe sponsor voor Stifting it Eastermarder Skûtsje
Wij verwelkomen Movere Media als nieuwe sponsor! Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 december 2023
Skûtsjewijnactie 2023
Hoewel inflatie, grondstofprijzen en kosten voor materiaal de afgelopen jaren almaar toenamen, heeft... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 22 april 2024
Doop skûtsje de Broekophalder: een feestelijk spektakel!
Na een geslaagde tweede training op de Burgummer Mar stond de bemanning van Skûtsje de Broekophalder... Fierder lêze »