Wachtsje, wachtsje en dan der plat foar

IMG 0015

Foar de Ychtenerbrêchster organisaasje wie it fannemiddei neilbiten. Wylst op ‘e Snitser Mar alle silerij ôfblaasd waard, moast op ‘e Tsjûkemar wachte wurde op wyn, moast de op-en-del-baan omgoaid wurde nei in trijehoek en koe úteinlik om kertier oer trijen it startskot lost wurde. By dy start keas skipper Geale Tadema mei syn ploech foar in stjoerboardslach dy’t fierderop yn it krúsrek net geunstich útpakte.

Wylst ‘Raerder Roek’, folge troch ‘Jonge Jasper’, ‘Eelkje II’ en ‘De Jonge Jan’ der daliks al útrûnen, moast ús doarpsskûtsje in pear kear troch de wyn en rekke sa op it 14e plak om de boppeste tonne. Ynhelje wie dus hjoed wer it boadskip! It soe in swiere opdracht wurde mei alle grutte nammen foar har. Benammen ek om't der dochs noch in behoarlike pôle wyn stie (5 bft!)

Yn ‘e foarein wie der in heftige konfrontaasje tusken ‘Eelkje II’ en ‘Raerder Roek’. Dêrby luts ‘Eelkje II’ oan it koartste ein en ferlear ‘Raerder Roek’ de kopposysje. In oare topper yn ’t klassemint, ‘Emanuel’, hie ek net sa’n bêste start hân en siet ‘It doarp Eastermar’ op ‘e kont. Yn it ferrin fan dizze wedstriid striden dizze beide skûtsjes om de plakken 10 en 11.

Nei fjouwer rûtes moast ‘Emanuel’ úteinlik yn ‘It doarp Eastermar’ syn meardere erkenne en kaam skipper Geale mei syn bemanning as nûmer 10 oer de finish. De winner fan hjoed wie, lykas juster, ‘Jonge Jasper’.

Moarn ûntfangt de Stifting It Eastermarder Skûtsje (SIES) by de wedstriid op ‘e Lemmer de sponsors op it folchskip ‘De Gulden Belofte’. 

IMG 0001

It hin-en-wer-gesleep fannemiddei mei tonnen komt net faak foar...

IMG 0018

De start

IMG 0020

Achteryn waard fochten om it ferlies te beheinen

IMG 0029

Mei it 'Swarte Wief'

IMG 0033

Foar-de-wyns rek

IMG 0034

De finish

Binne jo al donateur? Stjoer in mailtsje nei skutsje@eastermar.nl en wy nimme kontakt mei jo op. Jo krije dan û.o. nijsbrieven, útnûgings foar donateursilen en in gesellige donateursjûn. Jo kinne donateur wurde foar € 15,- jiers , mar mear mei ek fansels! 

Tekst: Wijbe Postma

Foto's: Klaas Jansma/Eastermar

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: