Doe’t der om healwei trijen start wurde moast koe de organisaasje fan ‘e silerij op ‘e Hegemer Mar net oars as de rattesturt (= start útsteld foar ûnbepaalde tiid) op it startskip hysje, want de mar lei der as in spegel by. Sa’n trije kertier letter kaam der wol wyn (3 Bft.út it súdwesten), mar doe starten der sa’n grut tal skippen falsk, dat it in nije startproseduere waard. Dy twadde start ferrûn foar de Ut en Thús (Floriaan Zwart/Snits) ek net goed en dy moast dus wer op ‘e nij oer de startline. Yn it lêst fan ‘e wedstriid hie de wyn noch wer in oare ferrassing foar de skippers.

Skipper Geale starte reglemintêr dy twadde kear wol op de goede manier, mar kaam eins daliks yn ‘e knoei. De start wie dan technysk wol goed, mar pakte striemin út! Dêr kaam noch by dat it doarp Eastermar ek noch in ekstra slach meitsje moast om de boppetonne goed besile te kinnen. Konsekwinsje fan dit malheur wie dat ús doarpsskûtsje alhiel yn ‘e sturt fan it wedstriidfjild kaam te lizzen en passearde it as 13-de de ‘gate’ ûnderyn de op-en-del-baan. 

By alle folgjende rûtes waard der wol mei gong syld en dat soarge derfoar dat der hieltiten in plak ferovere wurde koe. Yn de lêste rûte sylde it doarp Eastermar as 9-de troch de gate en naam dêrby de bakboardtonne. It rek nei de boppetonne moast de hiele wedstriid as in krúsrek ôflein wurde, mar doe’t de finish der boppe-yn yn kaam te lizzen, hoegde dat net mear: de wyn wie fan súdwest nei noardwest draaid. Sa koe yn dat rek de finish yn ien kear besyld wurde en einige de Ea as 9-de. 

Dy 90-graden wynskifting ferrifele ek Tony Brundel/De Gastmer hielendal. Hy hie de hiele wedstriid foaroan syld mei syn Lytse Lies, mar spile de twadlizzende Ingelskman (Sikke Heerschop/Rotterdam) yn ‘e kaart. Sikke naam de kop oer en waard deiwinner. 

Op it tredde plak einige Sterke Jerke (Pieter Jilles Tjoelker/Earnewâld). Yn it algemien klassemint stiet it doarp Eastermar no op it 8-ste plak.

(Understeande foto's binne makke troch Klaas Jansma)   

IMG 3986A

IMG 3987A

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: