Fan ‘e start ôf slûpte it gefoel der al yn: ‘Wy kinne sels gjin baas wurde, wy wurde syld.’ Dêrmei kamen der twifels om ‘e hoeke en rûgele der by ‘it doarp Eastermar’ in foarlêste finishplak út: 15e !

De yn ‘e ynlieding neamde twifels besocht skipper Geale Tadema en syn bemanning út te bannen troch yn ‘e earste rûte de gaadlikste wynflagen te sykjen. Om’t ús skûtsje troch dy probearsels inkelde kearen troch de wyn moast, makke it skip mear meters as de oaren en gie it as 10e om ‘e boppeste tonne. Op himsels rûn it skûtsje goed, stie it túch der reedlik by en wie de sfear oan board prima. Dêr lei it dus net oan dat der dochs yn de folgjende rûtes ‘achterút syld’ waard.

In tebeksetter dus yn dizze earste wedstriid op it binnenwetter fan Heech. Dit resultaat sil nei alle gedachten brûkt wurde as ‘ôflûker’, sadat de no takende 15 punten yn mindering brocht wurde sille op it eintotaal.

Moarn op nei Sleat. Mei de swurden bleat.

skutsjeheeg

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: