Net syld, dochs moai fuort. In moaie ploech Ea-folgers hie saterdeitemiddei op 'e dyk by Hylpen in gaadlik plak fûn om de IFKS-silerij fan 'it doarp Eastermar' mei te meitsjen. Spitigernôch moasten de wedstriden fan sawol de lytse a-klasse as dy fan 'e grutte A fanwege tefolle wyn - wêr ha ús wâldpiken dat earder heard? - ôflast wurde. Dochs koene de doarpsgenoaten it skûtsjegefoel in plak jaan troch de oanwêzigens fan 'e Ea-sterbar. Rob & Annet Krimpenfort, dy't respektivelik as barman en -frou de bar beminsken, melden dat hja it wakker nei 't sin hân hiene en sadwaande dochs noch moai fuort wiene dy dei.

Wijbe Postma
Easterbar1
Easterbar2

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: