De kracht fan acht

De sponsors dy’t hjoed op ’t folchskip De Gulden Belofte har dei hienen, waarden min-ofte-mear bedoarn. Hja koenen tsjûge wêze fan it unikum dat der twa wedstriden op ien middei yn ‘e grutte A-klasse fersyld waarden. De earste wie de reguliere Lemmer 1 wedstriid, de twadde wie it ynheljen fan ‘e wedstriid by Sleat dy't fanwege de waarsomstannichheden net ôfmakke wurde koe. De resultaten foar ús doarpsskûtsje wienen gelyk oan de útslach fan juster: twa kear in 8-ste plak.

It begjin fan de earste silerij fan dizze middei wie hast in kopy fan ‘e start op ‘e Tsjûkemar juster. Mei in kreaze stjoerboardslach it earste krúsrak troch en by de boppetonne dochs sa útkomme dat in soad oer bakboard silende skippen foarrang hienen. Sa kaam it doarp Eastermar op in 8-ste plak telâne. By it passearen fan ‘e boppetonne yn ‘e twadde rûte waard de tonne rekke en moast der in strafrûntsje syld wurde. Dat gie sa rap dat der mar ien oar skip fan profitearje koe en dus in 9-de plak foar de Ea. Op ‘e ein fan ‘e wedstriid waard der dochs wer in plak winst boekt en gie skipper Geale mei syn ploech as 8-ste oer de finish.

De baan fan ‘e twadde (ynhel)wedstriid wie krekt as de earste in olympyske (trijehoek-lus-trijehoek-lus, ensfh.). It ferrin wie dizze kear wat minder hektysk en sûnder gedoch mei protestflaggen en strafrûntsjes. De posysjes yn de fiif te silen rûtes wienen yn folchoarder fan it besilen fan ‘e boppetonne: in 9-de, 11-de, 11-de en 9-de, mei as finish in 8-ste plak.

Foar skipper, bemanning, sponsors, famylje, VIP-gasten Greetje en Douwe Brouwer en stiftingsbestjoer wie dit op ’t folchskip – mei de adekwate útlis fan gast en supersaakkundige Oebele Brouwer – wakker goed te folgjen, al wienen de wedstriidferwachtingen miskien wat heger steld. Dochs koe yn ‘e Lemster haven konstateard wurde dat ús doarpsskûtsje noch altiten goed meidocht, want mei in 6-de plak yn ’t algemien klassemint sitte je noch moai yn ’t linker rychje. Moarn Lemmer 2 - de finale - en dus ‘nieuwe ronde, nieuwe kansen’.

P1260891 13840

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: