Freedtejûn is ús Eastermarder skûtsje op in âlderwetske wize troch in skipsjager (Auke Winters út Smilde) mei Linda, syn hynder, fan de Burgumer Mar fia de Lits binnen helle. Op de Komerksteiger en op de wâl by Foppe Antonides wie in protte publyk oanwêzich om dit 'barren' mei te meitsjen. Doe't it Eastermarder skûtsje by de steiger oankaam, wie der wurdearring fan it publyk yn de foarm fan in grut applaus.

p1080104

p1080102

Skipsjager Auke Winters en syn dochter begeliede Linda, it hynder. Auke Winters is op dit stuit de iennige offisjele skipsjager yn Nederlân.

p1080119

It publyk op 'e Komerksteiger wachtet it skûtsje op

p1080084

Ek de 'Gaasterland', de salonboat dy't mei opstappers de wedstriden bywenje sil, kaam om dyselde tiid yn Eastermar oan. Op de achtergrûn it skûtsje fan Jelle Talsma (de Poep) fan Warten mei in nij seilteken.

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: