Op Keninginnedei hat ús Eastermarder Skûtsje meidien oan de skûtsje-wedstriden by Earnewâld. Nettsjinsteande in hieltiid tanimmende wyn mei grut sukses. Nei in start dy't net min mar ek net super wie, skode Geale mei syn bemanning mear en mear nei foaren. Wol efter Jelle Talsma fan Warten, de grutte winner fier foar de oaren út en earst ek noch efter de Jonge Rein, mar fan de twadde omloop ôf op in poerbêst twadde plak. Dat bleau ek sa: oan de finish ta foar it sulver. En dêrmei hâlden de Eastermarders ek de SKS-skûtsjes fan Earnewâld, Boalsert, Drachten en Huzum efter har. In grutte prestaasje.
Heal maaie noch de Lemmer Ahoy-silerij op de Lemmer en dan op 23 juny op de Burgumer Mar. Wy binne benijd.
It Stiftingsbestjoer
-
-
- Informatie
- 06 maart 2024
Skûtsjejûn SIES 2024
De Skûtsjejûn waard goed besocht, de seal yn't Breed siet fol. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 februari 2024
Winterferljochting skûtsje Ea wer opburgen
Wy wienen dit jier wat letter, mar de winterferljochting leit wer yn de 'simmeropslach'. Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 januari 2024
Nijjiersgearkomste SIES
Freedtejûn 19 jannewaris hienen wy in tige slagge nijjiersgearkomste foar bestjoer, bemanning en oan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 december 2023
Nieuwe sponsor voor Stifting it Eastermarder Skûtsje
Wij verwelkomen Movere Media als nieuwe sponsor! Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 december 2023
Skûtsjewijnactie 2023
Hoewel inflatie, grondstofprijzen en kosten voor materiaal de afgelopen jaren almaar toenamen, heeft... Fierder lêze »