It wurdt in drokke tiid foar de bemanning fan 'it doarp Eastermar' want it skûtsje docht oan ferskate aktiviteiten mei. In oersjoch:
- 6 juny: vlootschouw Rottevalle
De 'Compagnons' út Rottevalle besteane 200 jier en fiere dat jubileum grut. Ien fan de saken dy't sy organisearje is op 6 juny de dei mei as tema 'Water'.
It skûtsje fan Eastermar en ferskate oare boaten út ús doarp dogge dêr oan mei. Sjoch hjir foar alle ynfo. - 8/9 juny: De slach om Heech
Yn dit wykein dogge ± 45 skûtsjes mei oan in 'IFKS wykein'. Ek Eastermar is fan de partij. Dizze silerij is organisearre troch de WSV fan Heech tegearre mei de skûtsjeskippers sels. Wa't de wedstriden sjen wol kin op dizze pdf in kaartsje fine mei it wedstrydwetter. - 14/15 juny: Fryske Olympiade.
Hjir hawwe jo miskien al wat fan heard. It skûtsje fan Eastermar sit yn team 3. Sjoch ek de reportaazje fan Omrop Fryslân, wêryn't skipper Geale Tadema syn keatstalint iepenbieret. Dit is it folsleine programma (PDF).
22 juny: Skûtsjesilen yn 'e Wâlden
Dizze silerij op de Burgumer Mar is al in tradysje wurden. Der wurde twa wedstriden syld: om 10.00 oere en om 14.00 oere. Tusken de middei lizze alle skûtsjes op 'e Komerk. Sjoch foar mear ynformaasje op www.skutsjesilenynewalden.nl
Skipper Geale Tadema yn de reportaazje fan Omrop Fryslân Televyzje
Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
-
- Informatie
- 11 december 2022
Winterferljochting Ea-skûtsje
“Komt it skûtsje noch yn ’t ljocht?”, waard my troch in doarpsgenoat frege. Plak en tiid wienen der... Fierder lêze » -
- Informatie
- 25 november 2022
Skûtsjewijnactie 2022
Wij zijn erg blij dat onze dorpssuper ook dit jaar weer zijn medewerking wil verlenen aan onze wijna... Fierder lêze » -
- Informatie
- 13 september 2022
Ea-skûtsje fart mei jeugd en donateurs
De 14 bern dy’t freedtemiddei 9 septimber ll. by de brêge-ein oan board stapten, wienen wakker nijsg... Fierder lêze » -
- Informatie
- 22 augustus 2022
IFKS 2022: Neipetear
Om healwei fiven sneintemiddei lei it doarpsskûtsje oan op ‘e brêge-ein: de thúshaven. In part fan de... Fierder lêze » -
- Informatie
- 20 augustus 2022
IFKS dei 7: De Lemmer Finale
De stân yn de top fan it algemien klassemint Klasse A-grut wie sadanich dat de spanning te snijen wi... Fierder lêze » -
- Informatie
- 20 augustus 2022
IFKS dei 6: De Lemmer 1
Op folchskip De Gulden Belofte wienen hjoed likernôch 15 sponsors mei byhearrende gasten, dy’t in groe... Fierder lêze »
Ek nijsgjirrich:
-
- Informatie
- 19 december 2022
Vandalisme by 'It Swimplak'
Beste dorpsbewoners, afgelopen week zijn de prullenbakken bij 'It Swimplak' opgeblazen met zwaar vuu... Fierder lêze »