Troch: Anneke de Vries

7 augustus - Heech
Nei in geweldige start, wêrby't it Eastermarder skûtsje fuort de lieding nimt, is der gjin hâlden mear oan. It skûtsje ‘It doarp Eastermar’ giet as earste oer de finish.

Wêrom binne wy yn 'e goedichheid thúsbleaun? Wat kinne jo thús foar de bemanning/befroulju betsjutte? De telefoan pakke en in 'rûntsje doarp' belje...
Nei wat hin'-en-wer gebel is it regele: der sille in pear auto’s mei minsken nei Heech foar de priisútrikking. Wat in feest, de stimming sit der fuort yn.
Bij de priisútrikking giet it dak der ôf as it skûtsje ‘It doarp Eastermar’ mei Geale Tadema oan it helmhout (dat is it roer) neamd wurdt.
Dêrnei is it efkes goed feest, mar net oant djip yn ‘e nacht, want de oare deis is it om 6 oere(!!) wer dei. It spul moat noch nei Sleat foar de folgjende wedstriid. En dat is in oere farren.
Oant moarn!!

heech_7_aug_-_3.jpg

 

heech_7_aug_-_1.jpg

 

heech_7_aug_-_2.jpg

 

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: