It skûtsjesylevenemint Lemmer Ahoy dat it ôfrûne himelfeartswykein hâlden waard, makke de bemanning fan it doarp Eastermar net bliid. In 23-ste plak yn ‘e
einklassearring fan 25 dielnimmers yn klasse I wie teloarstellend.
Mar it begûn sa goed mei in tredde plak yn de earste wedstriid op tongersdei. In reedlike start, frij sile yn de earste en iennige rûte (der stie in lytse 3 Bft.) en finishje achter Redbad en Langwar. By de twadde tongersdeiswedstriid rekke ús doarpsskûtsje by it trochkommen fan de ‘gate’ de tonne en moast der in strafrûntsje draaid wurde… Resultaat: in plak yn ‘e achterein fan it fjild.
De earste wedstriid op freed hie in lyksoartich resultaat. Mar noch foar de start fan ‘e twadde wedstriid fan dy dei wie, troch in Eastermarder ynskattingsflater, in oanfarring mei it skûtsje fan Ulbe Zwaga net foar te kommen en moast skipper Geale Tadema mei in stikkene gyk, mar gelokkich sûnder persoanlike ferwûningen, dy wedstriid oan him foarby gean litte.
Dy freedtejûn is der noch mei man en macht wurke om in ferfangende gyk te pleatsen en dat slagge. Sa koe der saterdeitemoarn mei in wynkrêft 5 dochs start wurde, mar it ûngemak fan de dei dêrfoar en it omslaan fan twa oare skûtsjes hie ek syn ynfloed op de bemanning en hja einigen wer by de lêsten. De twadde wedstriid fan ‘e saterdei waard troch de organisaasje fanwege tefolle wyn ôfblaasd.
Achternei besjoen kin men him ôffreegje oft it ferstannich is om mei safolle skippen (25!) in wedstriid te hâlden, mar dat jildt fansels likegoed foar dyselden dy’t der wól goed trochkomme.
It skûtsje bliuwt foarearst yn ‘e Súdwesthoeke om dêr fierdere treningen ôf te wurkjen.
Wijbe Postma
De start fan de earste wedstryd by Lemmer Ahoy
-
- Informatie
- 27 november 2023
Winterferljochting skûtsje Ea hinget wer
De Winterferljochting hinget wer yn de mêst. Foto's: Henk de Leeuw Fierder lêze » -
- Informatie
- 02 november 2023
Skûtsje Ea weer klaar voor de winter
Zaterdag 28 oktober was het weer tijd voor de jaarlijkse mastwisseling. De wedstrijdmast er af en ond... Fierder lêze » -
- Informatie
- 11 oktober 2023
Cheque Rabo Clubsupport foar SIES
Tige tank dat jimme op ús stimd hawwe! Bestjoer SIES Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 september 2023
SIES Donateursilen 2023
Sneon 23 speptimber wie it jierliks donateursilen mei it Eastermarder skûtsje.De opkomst wie goed en... Fierder lêze » -
- Informatie
- 07 september 2023
Donateurzeilen Eastermarder skûtsje
Het Stichtingsbestuur en eigenaren van het Eastermarder skûtsje bieden hun donateurs de gelegenheid... Fierder lêze » -
- Informatie
- 05 september 2023
Oproep voor Rabo Clubsupport door SIES
-
- Informatie
- 27 november 2023
Winterferljochting skûtsje Ea hinget wer
De Winterferljochting hinget wer yn de mêst. Foto's: Henk de Leeuw Fierder lêze »