Ofrûne saterdei en snein (16 en 17 juny) waarden op ‘e Hegemer Mar de sylwedstriden om it Swurd fan Grutte Pier hâlden. Us doarpsskûtsje wie yn de A-groep fan ‘e grutte skippen ek fan ‘e partij. Yn totaal binne der 6 wedstriden ôfwurke, trije op saterdei en trije op snein. Fan de fjirtjin skippen yn ‘e A-groep waard ‘it doarp Eastermar’ tsiende.

De resultaten yn de ferskillende wedstriden wienen foar skipper Geale Tadema en syn bemanning wikseljend. De earste wedstriid einigen hja yn ‘e achterein (tolfde) en it bêste kamen hja op de lêste sneinswedstriid oer de finish: in tredde plak. Dêr tuskenyn behellen hja in seisde, achtste en njoggende plak. By de foarlêste wedstriid konstatearre de ‘umpire’ op oansizzen fan in oare skipper dat der troch úzes in fout makke wie en wie diskwalifikaasje en dus 14 punten ús diel. Spitich, want net ien oan board fan ‘e Ea snapte wat der misgien wie…

Dochs kin der weromsjoen wurde op in prima sylwykein wêrby’t it oefenjen foar de IFKS-wike foarop stie. Lytse Lies (Tony Brundel) gie mei it Grutte Pier-swurd oan ‘e haal.

ea heech

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: