Under de nammen ‘Wâldsilers I en II” hat in part fan ‘e doarpsskûtsjebemanning yn it ôfrûne wykein (11 en 12 nov.) it sylseizoen ôfsletten. Dat barde net mei skûtsjes mar yn ‘Valken’ en troch by Langwar diel te nimmen oan ‘e Coldrace. Yn eltse ‘Valk’ wie plak foar 4 silers (m/f) en der dienen 34 tiims, wêrby ek Dútse en Belgyske, mei oan dit sylevenemint.
Ut de bemanning fan ‘it doarp Eastermar’ wienen Hendrik Wietze de Haan, Jan Nijhuis, Rene Zweering, Geale Tadema, Hendrik Tadema en Sjoukje Tadema oanwêzich. Mei Coen Busscher (Lytse Lies) en Egbert Schouwstra (It doarp Grou) koenen dizze ‘Wâldsilers’ twa tiims foarmje. Dat de ‘flow’ fan ‘e IFKS-wedstriden noch yn dizze twa ploegen siet, waard dúdlik by de einútslach: in fertsjinstlik 4-de en 5-de plak.
Op dizze wize koenen de Ea-ers dochs noch mei in foldien gefoel it syljier 2017 ôfslute, namstemear omdat de ‘offisjele’ einwedstriid foar skûtsjes – de Roekoepôlerace – troch it minne waar net trochgean koe.
-
-
- Informatie
- 06 maart 2024
Skûtsjejûn SIES 2024
De Skûtsjejûn waard goed besocht, de seal yn't Breed siet fol. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 februari 2024
Winterferljochting skûtsje Ea wer opburgen
Wy wienen dit jier wat letter, mar de winterferljochting leit wer yn de 'simmeropslach'. Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 januari 2024
Nijjiersgearkomste SIES
Freedtejûn 19 jannewaris hienen wy in tige slagge nijjiersgearkomste foar bestjoer, bemanning en oan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 december 2023
Nieuwe sponsor voor Stifting it Eastermarder Skûtsje
Wij verwelkomen Movere Media als nieuwe sponsor! Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 december 2023
Skûtsjewijnactie 2023
Hoewel inflatie, grondstofprijzen en kosten voor materiaal de afgelopen jaren almaar toenamen, heeft... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 26 maart 2024
Preamsilen op de mar: 4 maaie 2024
Lykas ferline jier sil ek yn 2024 de Burgumer Mar wer it toaniel wêze fan ferskate wedstriden fan de... Fierder lêze »