By de earste IFKS-wedstriid fan 2012 op 'e Iselmar by Hylpen helle ‘it doarp Eastermar’ in oansprekkend resultaat: in fyfde plak. Miskien wol mei troch de tsjet (tweet) fan beskermfrou Doutzen, dy't alle belutsenen krekt foar de start sukses winske.
Yn in wedstriid dy't fral bepaald waard troch in swakke en skiftsjende  wyn, lei ús skûtsje nei in moaie start al gau yn de foarhoede. Hieltyd by de earste fiif en op in bepaald stuit galme de radiokommentaarstim fan Klaas Jansma dat ‘it doarp Eastermar’ foaroan lei! No oerdriuwt Klaas wolris faker in bytsje en dat kaam yn ‘e lêste rûte ek wol út. Betûfte âlde rotten yn ’t sylfak - Tony Brundel, Jelle Talsma, Jeroen de Vos en Michiel Kalsbeek - makken sadanich gebrûk fan ‘e skiftsjende wyn dat hja ús doarpsskûtsje foarby koenen.

It doel foar dit jier is it linker rychje (dat is by de bêste sân skippen) én in kear op it poadium. Dat moat slagje. Kommende moandei wurdt der syld by Starum en nei hjoed kin dêr mei goede moed oan begûn wurde.

Tip foar belangstellende doarpsgenoaten: op ‘e dyk achter it Multyfunksjoneel Sintrum ‘De Kaap’ hat men in goed sicht op it wedstriidwetter.

ABA 7048

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: