It is al hiel wat doarpsgenoaten opfallen dat ‘it doarp Eastermar’ net mear by de âldbrêge leit. Om as oefening foar de bemanning koarte treningswedstrydsjes mei oare skûtsjes hâlde te kinnen en ûnderfining op te dwaan op wat djipper of rommer wetter, hat ús doarpsskûtsje no lisplak by Terherne. De útfalsbasis dêre is in steiger by it restaurant ‘Meer van Lenten’ oan ‘e Utbuorren. De fêste treningsjûn oant de IFKS-wike (13 o/m 20 aug.) is woansdeis fan 19.00 oant sawat 21.30 oere.
Ek wurdt der mei itselde doel syld op tiisdei 26 july en twa kear op in tongersdei, 4 en 11 augustus. (Selde tiden.) Yn hoefier’t de treningsaktiviteiten fan skipper Geale Tadema en syn ploech yn Terherne goed te sjen binne, hinget fan ’e wyn ôf. Yn restaurant ‘Meer van Lenten’ fine belangstellenden dan lykwols ek in goed plak.

skutsjeheeg

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: