Nee, de start wie dit kear net goed. De Ea kaam net goed fuort, makke in stjoerboardslach nei de grutte dyk, moast noch twa kear draaie en kaam doe oer stjoerboard nei de hege tonne. En dêr, by de earste hege tonne, wurdt eltse kear wer de wedstriid bepaald. It betsjutte dat ús skûtsje hielendal efterlâns moest: it skip koe net earder troch de wyn. Hast as alderlêste draaide de Ea om de tonne hinne, noch mar krekt foar de ferneamde Henk Regts dy't troch in falske start folle letter begong. En it like as der ek gjin gong yn siet. Wy kamen mar net tichterby en doe Regts ús ienhelle wienen wy 14e. Lêste.
Mar doe kaam de opmars yn de tredde route. Nei in moaie slach hielendal nei de Langwarder kant op, kaam Geale no wol oer bakboard by de heechste boei út. En dan hawwe jo foarrang. Dêr pakte de Ea al 5 oare skûtsjes. Wat der oan board dien is , wie fanôf de wâl net te sjen, mar it skip koe wer heger en sneller. Ek de Jonge Jan fan Jelle Talsma pakten wy noch: in 8e plakje op de finish. Sa as it no liket, want neffens Sippy Tigchelaar binne der noch protesten tusken de nrs 6 en 7. It kin noch feroarje.
Nei de finish moest de bemanning rap ite en dernei nei de Gaasterland foar in optreden yn Omrop Fryslân. Dat sil grif de reden west ha dat hja net mear by de supporters by it gemaaltsje fan Ooserzee del koenen. Dy ha doe mar mei de Eastermarder flaggen wappere nei de oare skûtsjes dy't lânskamen. Sa binne wy ek wol wer. Moarn op 'e Lemmer. Wy geane der foar.
Besjoch it skûtsjesjoernaal mei Geale Tadema oan tafel op de Gaasterland en in moai ynterview mei Sjoukje Tadema oan board fan 'it Doarp Eastermar.
-
-
- Informatie
- 06 maart 2024
Skûtsjejûn SIES 2024
De Skûtsjejûn waard goed besocht, de seal yn't Breed siet fol. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 februari 2024
Winterferljochting skûtsje Ea wer opburgen
Wy wienen dit jier wat letter, mar de winterferljochting leit wer yn de 'simmeropslach'. Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 januari 2024
Nijjiersgearkomste SIES
Freedtejûn 19 jannewaris hienen wy in tige slagge nijjiersgearkomste foar bestjoer, bemanning en oan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 december 2023
Nieuwe sponsor voor Stifting it Eastermarder Skûtsje
Wij verwelkomen Movere Media als nieuwe sponsor! Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 december 2023
Skûtsjewijnactie 2023
Hoewel inflatie, grondstofprijzen en kosten voor materiaal de afgelopen jaren almaar toenamen, heeft... Fierder lêze »