Yn tsjinstelling ta eardere berjochten is 'it doarp Eastermar' hjoed dochs tredde wurden. It skip dat yn 't earst diskwalifisearre waard, hat in protest tsjin de kommisje oanspand en dat is no krekt (20.15 oere) tawiisd. Noch altyd in geweldich plak en de ferskate flaggen yn it doarp kinne ek gewoan hingje bliuwe!

Nije winner skûtsjepool

Omdat de útslach no oars is, is der ek in nije winner fan de skûtsjepool fan hjoed. Trije minsken hawwe foarsein dat it skip tredde wurde soe. Nei it lotsjen docht bliken dat Harm Hoekstra winner is fan de skûtsjewyn. Lykwols is de stifting fan miening dat de priis al earder tawiisd is oan Tineke Wink. Dus hja kriget ek gewoan in flesse wyn.

Twa wedstriden

It kin wêze dat moarn de wedstryd fan Hylpen ynhelle wurdt. Foar de pool jildt de earste wedstryd, dy 't gewoan om 9.50 oere úteinsette sil.

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe