Bemanning út de skroeven

De earste wedstryd yn de B-klasse is foar 'it doarp Eastermar' in geweldige boppeslach wurden. As twadde kaam it skûtsje oer de finish by Starum. De supporters op it strân én de bemanning wiene hielendal út de skroeven doe 't bliken die dat it skûtsje dat earste lei, net ôfsketten waard. De Singelier, in skûtsje fan Starum, wie net goed start sa die bliken, en dêrom diskwalifisearre. Eastermar lei yn de earste ronde hieltyd twadde (dus eins earste mar dat hie noch net ien yn de gaten) mar koe it net hâlde tsjin syn grutste konkurrint fan foarich jier, de Jonge Jan fan Warten (Jelle Talsma), ek promovearre út de C-klasse.

De oare twa rûtes hie Eastermar it net swier om dit plak fierder fêst te hâlden, de ôfstân tusken trije en fjouwer (dus eins twa en trije) wie och sa grut.

Geweldige slach

By de start siet Eastermar wat yn de gribus fan de middenmoat (foto1). Doe waard der in beslút nommen dat geweldich goed útpakke soe. Op wei nei de boppeste tonne lei hast eltsenien oer bakboard. Eastermar gie oerstach en oer stjoerboard sylde it út de smoarge wyn fan de gribus wei (foto 2). By de tonne die bliken dat der in protte winst makke wie want as twadde kaam it skûtsje by de tonne oan. Allinne de Singelier moasten sy foargean litte. Yn de twadde rûte kaam de Jonge Jan nei foaren en dat skip koe Eastermar net achter him hâlde.

start.jpg

stjoerboardslach.jpg

Sil Eastermar wer sa 'n stunt úthelje as foarich jier? De earste klap nei de konkurrinsje ta is yn alle gefallen útdield.

It wedstrydferslach fan Oebele Brouwer (skoateman) en Fokje van Dekken (folchskip) sil, hoopje wy, gau ynstjoerd wurde.

oerdefinish.jpg

utdeskroeven.jpg

Mear foto's fan Harmke Paulides

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe