It is hast sa fier: it kampioenskip IFKS 2008 komt der oan!

Fan sneon 26 july ôf sil der op dit plak ferslach dien wurde fan de wedstriden yn de B-klasse en dan benammen hoe't 'it Doarp Eastermar' it der fanôf bringt. De webredaksje sil besykje om alle dagen in update te jaan yn gearwurking mei ferskate ferslachjouwers 'ter plaatse'.

skutsjejournaal-no-ani.gifOm te begjinnen earst mar even it wedstrydskema:

  1. sneon 26 july: Hylpen
  2. moandei 28 july: Starum
  3. tiisdei 29 july: Heech
  4. woansdei 30 july: Sleat
  5. tongersdei 31 july: Ychtenbrêge
  6. freed 1 augustus: De Lemmer
  7. sneon 2 augustus: De Lemmer.

De wedstriden yn de B-klasse starte alle dagen om 09.50 oere. De finish is meastentiids tusken 11.30 en 12.00 oere. De wedstriden op de Iselmar binne fan de dyk ôf prima te sjen, Foar Heech, Sleat en Ychtenbrêge is plak op in boat de bêste opsje.

Meiride/meifarre

Entûsjast wurden troch de resultaten fan ferline jier, binne der lûden yn it doarp dat der dit jier hiel wat mear fans de reis meitsje wolle om ien of mear wedstriden te sjen, Dêrom biedt it Ea Skûtsjesjoernaal in 'karre & boatepool' oan. Starum leit net om 'e hoeke, it is in ein riden. Wolle jo meiride of meifarre, hawwe jo plak yn auto of boat, lit it hjir witte!. De oproppen of reaksjes kinne hjir besjoen wurde.
Sjoch ek yn de linkerkolom op dizze pagina.

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe