Neidat begjin ferline wike de SKS al melde dat de troch har te organisearjen silerij net trochgean koe dit jier, kaam de IFKS twa dagen letter mei inselde berjocht. Dat lei eins ek wol yn ‘e reden omdat fan regearingswege al oanjûn wie dat alle grutte publykseveneminten oant 1 sept. ’20 ferbean binne. 
Sa rekket it IFKS-beslút ‘it doarp Eastermar’ dus ek.
Binnen it bestjoer fan ‘e Stifting It Eastermarder Skûtsje, de skûtsje-eigenaren en de bemanning is der begryp foar dizze besluten. Yn’t foarste plak fanwege de sûnensrisiko’s mar ek de feilichheid fan ‘e bemanningsleden.
Op dat mêd spilet de 1,5 mt.regel in grutte rol. Mei dy regel yn ‘e achterholle is der net te wurkjen op foar- en achterdek. Skipper Geale foeget dêr noch oan ta: “Der sil mar ien oerboard reitsje… Hoe krije jo dy mei dy 1,5 mt.beheining wer op ’t skip?"
It sil dúdlik wêze dat soks yn ‘e praktyk nea goed komme kin. It stiftingsbestjoer, eigenaren en bemanning sille noch alle war dwaan om donateurs en sponsors op ien of oare wize yn it Eastermarder skûtsjewêzen te beheljen, mar dêr komt letter mear oer nei bûten.
En… oh ja, by de wynaksje fan ein foarich jier binne der – trochdat de foarrie wyn al rap op wie – in tal strjitten net troch de sutelders besocht. It giet om ’t Heechsân, Lege Leane, de Boerestreek en de Skûlenboargerwei. Der is no wer in nije partij oankaam, dat dyselden dy’t noch Ea-skûtsjewyn ha wolle, kinne har oppenearje.
Kontaktpersoan is ûnderskreaune op ’t Hof 5, 0512 471615

Ut namme fan bemanning, eigenaren en SIES,
Wijbe Postma
skutsjesilen oflast

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppen