Spanning yn ‘e Lemster baai.

De finaledei fan ‘e IFKS-wike 2019 wie foar silers en publyk tige spannend. Der wiene 4 kânshawwers foar it kampioenskip. Spitigernôch siet ús doarpsskûtsje dêr net by, mar as de lêzer tinke soe dat skipper Geale en syn bemanning de holle yn ‘e skerte leine, no way! Sy wiene belutsen by de striid om it 2-de en 3-de plak foar de deiklassearring fan dizze middei. En striid wie der! Net allinnich yn ‘e foarein fan it fjild, mar ek yn ‘e midden, want dêr gie it tusken de 2019-titelkandidaten. It wie spannend oant de lêste minút.

De start en it earste krúsrak wiene foar it doarp Eastermar dit kear prima: achter De Goede Verwachting (Walter de Vries) kaam de Ea as twadde om de boppetonne.
Dy posysje waard fêsthâlden oant yn ‘e twadde rûte de boppetonne krekt net besyld wurde koe. Dêr profitearren Waaksdom (Ulbe Zwaga) en Zes Gebroeders (Klaas Kuperus) fan. Sy sylden Geale foarby en sa kaam ús skûtsje op in 4-de plak telâne. Nei de ûnderwynse tonne waard Klaas Kuperus wer ynhelle. Doe ûntstie der in prachtich duel mei skipper Ulbe om it twadde plak. Twa folsleine rûtes fan ‘e olympyske baan koe ús ploech Waaksdom achter him hâlde. Yn ‘e foarlêste rûte sylde de betûfte Zwaga dochs in krekt wat tûkere slach en liet er de Eastermarders de kont fan syn skûtsje sjen. Sa bleau it oant de finish en einige it doarp Eastermar as 3-de achter winner De Goede Verwachting en nû. 2 Waaksdom. Mar wat in prachtige silerij hjoed, mei in poadiumplak foar ús doarpsskûtsje. Hulde! 

De striid tusken de kampioenskandidaten wie like spektakulêr. Spitich foar Jonge Jasper (Froukje Osinga) dat dy fuort yn it begjin alhiel yn ‘e achterein rekke en dêrmei de titelkâns yn reek opgean seach. Doe gie it tusken Eelkje II (Jeroen de Vos) en Wylde Wytse (Sikke Heerschop) en Jeroen bleau yn ‘e wedstriid deun by Sikke. Dy taktyk levere foar Eelkje II it kampioenskip 2019 op. It tredde plak fan dizze middei soarge derfoar dat it doarp Eastermar yn it einklassemint op in 5-de plak terjochte kaam. Proficiat!

unnamed 10

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe